bronnen

Eindexamen fries havo 2013, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Sosjale media yn Fryslân as generaasjeprobleem

11p
Mei hokker wurden soest de lêste sin fan alinea 1 it bêste ôfmeitsje
kinne?
A … de gemeente mear bekendheid jaan kinne?
B … de ynstelling mei de prachtige kolleksje mear bekendheid jaan
kinne?
C … de kolleksje yn it bûtenlân mear bekendheid jaan kinne?
D … de nije kolleksje mear bekendheid jaan kinne?
22p
Neam fjouwer wurden út alinea 2, dêr’t út bliken docht dat it haad fan de
ôfdieling automatisearring neat yn it brûken fan ynternet sjocht.
31p
Watfoar soarte argumint brûkt de ICT-man yn alinea 2?
A Hy brûkt in autoriteitsargumint.
B Hy brûkt in emosjoneel argumint.
C Hy brûkt in etysk argumint.
D Hy brûkt in objektyf argumint.
“It aparte … nij binne.” (r. 40-42)
41p
Sitearje út alinea 4 it sinpart dat de oarsaak fan dy ûntwikkeling
omskriuwt.
51p
Wat is it ferbân tusken “Mar troch … brûkt wurde” (r. 44-47) en
“dat hat … wêze kin.” (r. 48-50)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
D It is in opsomjend ferbân.
E It is in tsjinstellend ferbân.
F It is in útlizzend ferbân.
61p
Watfoar soarte argumint brûkt de skriuwer yn de lêste sin fan alinea 4?
A Hy brûkt in autoriteitsargumint.
B Hy brûkt in emosjoneel argumint.
C Hy brûkt in etysk argumint.
D Hy brûkt in objektyf argumint.
71p
Wêrom binne de minsken yn de leeftydskategory fan 35-65 jier skeptysker
oer de sosjale media as de jonge minsken?
Brûk net mear as 15 wurden.
81p
Hokker elemint fan Twitter sjogge de kritisy neffens de skriuwer oer de
holle? Helje dyn antwurd út alinea 6.
91p
Sitearje út alinea 7 de sin dêr’t it dúdlikst yn oantoand wurdt dat it
gewoane sosjale ferkear gjin skea ûnderfynt fan de sosjale media.
101p
Hoe reagearret de skriuwer op it tredde beswier?
A De skriuwer beweart it tsjinoerstelde.
B De skriuwer is it dêr wol mei iens.
C De skriuwer nuansearret dat beswier.
D De skriuwer wol net op de kwestje yngean.
111p
Hoe reagearret de skriuwer op it fjirde beswier?
A De skriuwer beweart it tsjinoerstelde.
B De skriuwer is it dêr wol mei iens.
C De skriuwer nuansearret dat beswier.
D De skriuwer wol net op de kwestje yngean.
121p
Watfoar achtergrûn hawwe de yn alinea 9 neamde foarmen fan it skeinen
fan de privacy?
A Dy hawwe in finansjele achtergrûn.
B Dy hawwe in kommersjele achtergrûn.
C Dy hawwe in kriminele achtergrûn.
D Dy hawwe in politike achtergrûn.
De tapassing fan de sosjale media by de Fryske oerheden ferrint net tige
flot.
131p
Hokker eardere alinea jout dêr in mooglike ferklearring foar?
Understeande ynlieding heart by de fragen 14 en 15.
Yn alinea 11 giet it oer it brûken fan de sosjale media troch plysje en
boarger.
141p
Neam in direkt belang foar de plysje by it brûken fan de sosjale media.
Brûk net mear as 10 wurden.
151p
Sitearje it sinpart dat de direkte belangen foar de boarger by it brûken fan
de sosjale media neamt.
161p
Hokker skriuwdoelen kinst yn de tekst ûnderskiede?
A ynformearje en oantrune
B ynformearje en oertsjûgje
C ynformearje, oertsjûgje en oantrune
D oertsjûgje en oantrune
Understeande ynlieding heart by de fragen 17 oant en mei 20.
De tekst kin ferdield wurde yn fjouwer tekstparten:
Tekstpart 1: alinea 1 en 2
Tekstpart 2: alinea 3 oant en mei 5
Tekstpart 3: alinea 6 oant en mei 9
Tekstpart 4: alinea 10 oant en mei 12
171p
Wat is it ûnderwerp fan tekstpart 1?
Brûk net mear as 7 wurden.
181p
Wat is it ûnderwerp fan tekstpart 2?
Brûk net mear as 7 wurden.
191p
Wat is it ûnderwerp fan tekstpart 3?
Brûk net mear as 7 wurden.
201p
Wat is it ûnderwerp fan tekstpart 4?
Brûk net mear as 12 wurden.

opgave 2Tekst 2 Dêr giet de paprika

Yn alinea 1 stiet dat neffens Spoelstra de Fryske paprika’s ferdwine
moatte. Hy jout dêrfoar twa arguminten.
212p
Neam dy twa arguminten.
Spoelstra hat syn takomstbyld skriftlik fêstlein ûnder de titel
Station Fryslân: van bedrijvenpark naar Solarpark.
221p
Ferklearje dy titel.
Brûk net mear as 12 wurden.
Foar it sinnepanieleplan ferwachtet Spoelstra finansjele stipe fan de
oerheid.
232p
Hokker twa oare projekten neamt er as foarbyld fan oerheidsstipe?
Spoelstra wol de sinnepanielen bekostigje mei jild út de ferkeap fan
oandielen fan enerzjymaatskippij Nuon. Spoelstra fynt dat om twa
redenen logysk.
242p
Neam dy twa redenen.
Spoelstra set syn plannen yn ‘in grutter perspektyf’ (r. 56).
251p
Wêr bestiet dat perspektyf út?
Brûk net mear as 12 wurden.
Yn alinea 6 wurdt in tal doelstellingen foar Fryslân yn 2018 neamd.
261p
Hokker doelstelling wol Spoelstra dêroan taheakje?
271p
Hokker argumint dat Spoelstra oan it begjin fan de tekst sels brûkt, soe ek
tsjin syn eigen plannen brûkt wurde kinne?
De enerzjyplannen fan Spoelstra drage by oan duorsumheid.
281p
Watfoar foardiel hawwe syn plannen noch mear? Helje dyn antwurd út de
alinea’s 8 oant en mei 10.
Neffens alinea 3 sjocht Spoelstra noch genôch mooglikheden om Fryslân
fan de sinne allinne libje te litten.
291p
Helje út de tekst de sin oan dêr’t út bliken docht dat Spoelstra net
konsekwint is yn syn betooch.

opgave 3Tekst 3 Fytsspoare?

301p
Watfoar foardiel biede Berlyn en Eastenryk foar fytstoeristen?
311p
Wat is it ferbân tusken alinea 1 en 2?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
“Nederlân, it fytslân by útstek.” (r. 23-24)
321p
Mei hokker wurden wurdt dy karakterisearring werhelle?
331p
Wat is it ferbân tusken “It wurdt hast in geunst.” (r. 29-30) en
“Gjin inkeld … fyts kombinearje.” (r. 30-33)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oarsaaklik/redenjouwend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
341p
Wat wurdt bedoeld mei “it” yn r. 35?
351p
Wat wurdt bedoeld mei “dizze grutte kâns” (r. 44-45)?
“Wol altyd … natuerfreonlik toerisme” (r. 41-44).
361p
Wa hawwe neffens de skriuwer de mûle altyd yn beide hannen?
372p
Yn hokker twa opsichten komt de FStM oerien mei it Eastenrykske
spoarbedriuw?
NS en Arriva soene in fytsfreonliker belied opsette moatte (alinea 3).
382p
Wat binne neffens de tekst de mooglike oarsaken dat soks net bart?
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende
pagina.
“Dizze reizger lykwols set troch.” (r. 75)
391p
Wat set dizze reizger troch?
401p
Ta watfoar tekstsoarte heart dizze tekst?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.