opgave 1Tekst 1 Boeveferhalen fan de strjitte
11pHokker funksje hat alinea 1?

it fertellen fan in anekdoate

it yntrodusearjen fan in saakkundige

it jaan fan in gearfetting foarôf

it stellen fan de sintrale fraach
21pHokker konklúzje lûkt de skriuwster út de earste situaasje dy’t sy yn
alinea 2 beskriuwt (r. 13-21)?

dat allinne al de gedachte oan in plysjehûn effekt hat

dat hieltyd mear minsken bekend binne mei plysjehûnen

dat in Mechelske harder der it meast driigjend útsjocht

dat relskoppers faak trochgean as der in plysjehûn by is
31pWat is it ferbân tusken “Mar soms,... dat oars.” (r. 22-23) en de rest fan
de alinea?
It twadde part

is in foarbyld by wat yn de foarôfgeande sin beweard wurdt.

jout in oarsaak foar wat yn de foarôfgeande sin konstatearre wurdt.

lûkt in konklúzje út wat yn de foarôfgeande sin sein wurdt.

sprekt tsjin wat yn de foarôfgeande sin steld wurdt.
41pWat is it ferbân tusken alinea 3 en alinea 4?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in oarsaaklik ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
51pUt hokker hanneling docht bliken dat de fertochte, dy’t yn alinea 4 neamd
wurdt, tige bang is foar plysjehûnen?
Yn rigel 70 wurdt it wurd ‘grien’ brûkt.
62pOp wa/wat slacht dat en wat wurdt dermei bedoeld?
Helje dyn antwurd út alinea 5.
De twadde hûn fan Hugo wie Barry (r. 74).
72pWat makke Barry ynearsten net sa geskikt as plysjehûn?
Jou twa saken dy’t yn de alinea’s 5 en 6 neamd wurde.
“‘Hy treau … my mar.” (r. 90-92)
81pWat liet Barry neffens Hugo mei dat gedrach sjen?
91pWat wie de rol fan de plysjehûn yn it ferhaal út alinea 7?

De hûn behindere mei syn jachtynstinkt de rêdingsaksje.

De hûn holp Hugo de man út it wetter te heljen.

De hûn liet de man skrikke dat er út it wetter kaam.

De hûn warskôge dat der in manspersoan yn it wetter lei.
Yn alinea 8 leit Hugo út wêrom’t er in blog skriuwt.
101pWêrom skriuwt er ien?
Hugo skriuwt oer syn ûnderfiningen by de plysje,

omdat de minsken dan witte dat er boeven fangt.

omdat hy dramatyske saken dy’t er meimakket fan him ôfskriuwe wol.

omdat minsken dêrtroch de plysje en harren wurk better begripe.

omdat skriuwen syn hobby is.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 11 tot en met 13.
“Sokke ûnderfiningen binne ‘tatoeaazjes op dyn harsenpanne’, seit er.”
(r. 143-145)
111pHokker stylmiddel wurdt hjir brûkt?

ferliking

metafoar

metonymia

paradoks
121pWêr doelt de skriuwster op mei ‘sokke ûnderfiningen’?
131pLis út wêrom’t de skriuwster dat sitaat krekt op dit plak yn de tekst
oanhellet.
141pWat binne de wichtichste skriuwdoelen fan dizze tekst?

ferdivedearje en oantrune

ynformearje en ferdivedearje

ynformearje en oantrune

ynformearje en oertsjûgje
opgave 2Tekst 2 Absolút ûnthâld is earder in ferskrikking as in foardiel
151pWat is it ferbân tusken “Sy kinne... yn detail.” (r. 2-3) en de rest fan de
alinea?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in oarsaaklik ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
“Gjin momint giet ea foarby.” (r. 10)
161pWat is it ferbân tusken dizze sin en alinea 1?

De sin jout in gefolch fan alinea 1.

De sin jout in konklúzje by alinea 1.

De sin jout in miening oer alinea 1.

De sin jout in oarsaak by alinea 1.
171pWat is de funksje fan alinea 6 yn relaasje ta alinea 5?

Alinea 6 jout in gefolch.

Alinea 6 jout in nuansearring.

Alinea 6 jout in oanfolling.

Alinea 6 jout in tsjinstelling.
182pHelje út alinea 7 de twa skaaimerken fan de quantified-self-trend.
191pSitearje de sin út alinea 7 dêr’t it doel fan de quantified-self-trend it bêste
yn werjûn wurdt.
Yn de alinea’s 8 en 9 komme twa persoanen oan it wurd: de heit fan in
fermoarde jonge en Jill Price dy’t by de Oprah Winfrey Show te gast wie.
202pJou in oerienkomst en it belangrykste (spesifike) ferskil tusken beide
persoanen.
211pWat is it ferbân tusken “Technysk besjoen... fetber is.” (r. 114-116) en
“Mar ús... yn ’e steek.” (r. 116-118)?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in oarsaaklik ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
221pFerjitte kinne wurdt neffens alinea 11 sjoen as

in negative feardichheid.

in negative feardichheid mei positive kanten.

in positive feardichheid.

in positive feardichheid mei negative kanten.
Nei de ynlieding (de alinea’s 1 en 2) giet de skriuwster yn op de foardielen
fan absolút ûnthâld.
231pSitearje de sin yn de tekst dêr’t de skriuwster mei begjint oan de
beljochting fan de minpunten.
In skriuwer kin gebrûk meitsje fan:
1 feiten
2 de eigen miening
3 de miening fan oaren
241pWêr makket de skriuwster fan dizze tekst benammen gebrûk fan?

1

2

3

1 en 2

2 en 3
opgave 3Tekst 3 Studearje dogge jo net foar de aardichheid
251pWat is it ferbân tusken alinea 1 en alinea 2?

It is in ferlykjend ferbân.

It is in oarsaaklik ferbân.

It is in tsjinstellend ferbân.

It is in útlizzend ferbân.
261pNeam út alinea 2 twa wurden dy’t neffens histoarikus Jeroen van Baar de
eardere Nederlânske studintetiid karakterisearje.
Neffens alinea 1 woe de steatssekretaris de twû-learlingen stimulearje
troch harren de mooglikheid te jaan om in cum-laude-diploma te heljen.
272pIs der yn it heger ûnderwiis al sprake fan in stimulearringsmaatregel foar
topprestaasjes?
Motivearje dyn antwurd mei help fan alinea 3.
282pNimt de skriuwer it rapport fan de WRR (alinea 4) serieus?
Motivearje dyn antwurd.
291pSitearje út alinea 5 it wurd dat krekt as ‘veranderitis’ (r. 59) wiist op
feroaring.
“Nederlânske studinten binne faak net bot motivearre.” (r. 61-62)
301pHokker soarte argumint brûkt de skriuwer om dy bewearing te
ûnderbouwen?

in argumint basearre op autoriteit

in argumint basearre op emoasje

in argumint basearre op in foarbyld

in argumint basearre op in moreel oardiel
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 31 en 32.
Yn alinea 7 wurdt praat oer bûtenlânske studinten oan Nederlânske
hegeskoallen en universiteiten.
311pWat hâldt de spegel foar de Nederlânske studinten yn (r. 70-72)?
Sy sjogge dat de bûtenlânske studinten

flugger in diploma helje.

hegere sifers helje.

letter makliker wurk fine.

mear motivearre binne.
322pNeam twa foarbylden dêr’t út bliken docht dat bûtenlânske studinten tige
goed prestearje.
332pHokker dilemma komt yn alinea 8 oan de oarder?
“Yn Nederlân wurdt ûnderwiis as in soarcharranzjemint oanbean.”
(r. 103-104)
341pHokker wurd yn alinea 9 hat likernôch deselde gefoelswearde as
‘soarcharranzjemint’?
”De keizer hoecht net hieltyd wer nije klean te krijen.” (r. 128-130)
352pWa of wat wurdt bedoeld mei de ‘keizer’ en mei ‘nije klean’?
De tekst begjint mei in útspraak oer in miste kâns.
361pIt is in miste kâns neffens

de skriuwer

de steatssekretaris fan ûnderwiis

de WRR

Jeroen van Baar
371pTa watfoar tekstsoarte heart dizze tekst?

It is in redenearring.

It is in skôging.

It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.