opgave 1Tekst 1 Jongerein fan ’e dyk yn de kampearwein
De ynlieding bestiet út trije parten: in probleemstelling, de gefolgen en de
oplossing.
De fragen 1 oant en mei 4 geane dêr oer.
21pMei hokker sin begjint it part oer de gefolgen?
31pHokker sin liedt it part oer de oplossing yn?
41pOp hokker part slacht de titel?
A de gefolgen
B de oplossing
C de probleemstelling
51pWêr hâldt de yn alinea 1 neamde netwurkgroep him mei dwaande?
A allinne mei de gefolgen
B allinne mei de oplossing
C allinne mei it probleem
D mei de gefolgen en de oplossing
E mei it probleem en de gefolgen
F mei it probleem en de oplossing
61pYn hokker alinea’s wurdt de yn de ynlieding neamde oplossing fierder útwurke?
A alinea 1, 2 en 3
B alinea 2 en 3
C alinea 2, 3 en 4
D alinea 3 en 4
71pHokker ferbân is der tusken de ynlieding en alinea 1?
A oarsaaklik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útwurkjend
81pWat is it wurkgebiet fan de yn rigel 23 neamde netwurkgroep?
A de gemeente Smellingerlân
B de provinsje Fryslân
C de regio East-Fryslân
D Drachten
91pNeffens alinea 2 freget it wurk fan Frank de Koster in soad
trochsettingsfermogen.

Neam noch in oare eigenskip dy’t neffens de tekst nedich is foar dat wurk.
101pJongeren binne nei ferrin fan tiid oars oer it wurk fan Frank de Koster tinken
gongen.

Hokker feroaring is der yn de hâlding fan de jongeren kaam?
111pYn de ynlieding wurdt in probleem neamd.

Wêrom kin de oarsaak fan dat probleem, neffens alinea 3, net alhiel de
jongerein yn ’e skuon skood wurde?
121pNeffens alinea 4 binne de resultaten fan Bus+ projekt tige posityf.
Wêr is dat benammen it direkte resultaat fan?
A de ynset fan de gemeente
B de ynset fan de polysje
C de ynset fan Frank de Koster
D de ynset fan de Kuno van Dijkstichting
131pWat is it wichtichste doel fan de skriuwer fan dizze tekst?
A amusearje
B oantrune
C oertsjûgje
D ynformearje
opgave 2Tekst 2 Understeande kollum is skreaun troch de arsjitekt Rein Hofstra
141pWat bedoele de measte makelders at se sizze: “Foarnaam wenje yn Fryslân”?
151pHokker ferbân is der tusken alinea 1 en alinea 2?
A opsomjend
B redenjouwend
C tsjinstellend
D útlizzend
161p“dan binne jo wol hiel, hiel foarnaam” (r. 28-29)
Hoe tinkt Hofstra feitliken oer dizze wize fan wenjen?
A Hofstra hat de gek der mei.
B Hofstra bedoelt it grappich.
C Hofstra mient dit serieus.
171p“Syn auto funksjoneel en modern, syn hûs neimakke âld.” (r. 42-44)
Hokker wurd út alinea 4 past it bêste by dizze sin?
A nuver
B oerdreaun
C skizofreen
181pHofstra begjint dizze kollum mei de fraach:”Wat is no by ús yn Fryslân foarnaam
wenjen?” (r.1-2) Yn alinea 1 jout hy dêr as antwurd op: “Wenjen, dêr’t jo it wêzen
fan it Fryske lânskip optimaal belibje.”
Yn it lêste part fan de tekst jout hy nochris antwurd op dy fraach.

Sitearje dat antwurd.
opgave 3Tekst 3 Rjochtswinkels foar jongerein
191pDe meiwurkers fan de berne- en jongereinrjochtswinkel besykje de jonge gasten
op har gemak te stellen. (sjoch de ynlieding)

Wat is it doel dêrfan?
201pDe meiwurkers fan jongereinrjochtswinkels yn Nederlân binne skrokken. (sjoch
r. 21-24)

Neam de maatregel dy’t har wurk bedriget.
212pHokker beide aksjes hawwe de meiwurkers fan de jongereinrjochtswinkels
útfierd as réaksje op de plannen fan de regearing?
221pIn skriuwer kin in tekst opbouwe út feiten en mieningen.
Hokker typearring past yn dy sin it bêste by alinea 3?
A Alinea 3 bestiet (hast) hielendal út feiten.
B Alinea 3 bestiet (hast) hielendal út mieningen.
C Alinea 3 bestiet foar ûngefear de helte út feiten, foar de oare helte út
mieningen.
231pYn alinea 3 stiet ûnder oaren hokker klanten de jongereinrjochtswinkel yn Grins
kriget.
Hoe slút alinea 4 dêr op oan?
A Yn alinea 4 stiet hoefolle saken súksesfol einigje foar dy klanten.
B Yn alinea 4 stiet hoe’t de meiwurkers yn Grins de saken oanpakke.
C Yn alinea 4 stiet wêr’t dy klanten foar komme.
241pAlinea 5 bestiet út trije sinnen. Dy foarmje mei-elkoar in redenearring. Dy is
opboud út trije eleminten. Dat binne, alfabetysk noteard:
1 in foarbyld
2 in gegeven
3 in reden
Yn hokker folchoarder steane dizze eleminten yn alinea 5?
A yn de folchoarder 1, 2, 3
B yn de folchoarder 1, 3, 2
C yn de folchoarder 2, 1, 3
D yn de folchoarder 2, 3, 1
E yn de folchoarder 3, 1, 2
F yn de folchoarder 3, 2, 1
251pHokker kopke past it bêste boppe alinea 6?
A Kantoar Grins
B Maklike fragen
C Minder belangstelling
D Nije ûntjouwings
261pYn alinea 6 stiet dat de berne- en jongereinrjochtswinkel mear fia it ynternet
benadere wurdt. (Sjoch r. 107-109)
Hoe slút it sitaat fan foarsitter Reitsma oan de ein fan de alinea by dy
konstatearring oan?
A Yn dat sitaat stiet in foarbyld by dy konstatearring.
B Yn dat sitaat stiet in gefolch fan dy konstatearring.
C Yn dat sitaat stiet in konklúzje by dy konstatearring.
D Yn dat sitaat stiet in reden foar dy konstatearring.
271pHokker bewearing is wier?
A Neffens alinea 6 is it tal besikers fan de berne- en jongereinwinkel yn Grins
de lêste tiid lytser wurden.
B Neffens alinea 6 is it tal e-mails foar de berne- en jongereinwinkel yn Grins it
ôfrûne jier lytser wurden.
C Neffens alinea 6 is it tal kantoaren fan de berne- en jongereinrjochtswinkel
yn Noard-Nederlân lytser wurden.
D Neffens alinea 6 is it tal problemen dat de berne- en jongereinwinkel
binnenkrijt lytser wurden.
281pHokker ferbân is der tusken de alinea’s 6 en 7?
A Yn alinea 6 giet it oer bern dy’t nei de jongereinrjochtswinkel yn Grins ta
geane, yn alinea 7 stiet wat in pear fan har meimakke ha.
B Yn alinea 6 giet it oer de belangstelling foar jongereinrjochtswinkels, yn
alinea 7 oer aktiviteiten om dy belangstelling te fergrutsjen.
C Yn alinea 6 giet it oer de besikersoantallen fan jongereinrjochtswinkels, yn
alinea 7 stiet wêr’t de besikers foar komme.
D Yn alinea 6 giet it oer de kantoaren fan jongereinrjochtswinkels, yn alinea 7
stiet wat de meiwurkers fan dy kantoaren dogge.
291pWêr ferwiist it wurdsje ‘sy’ yn r. 137 nei?
A “bern ûnder de fjirtjin” (r. 134)
B “de âlders” (r. 135)
C “De âlders fan fjirtjin- en fyftjinjierrigen” (r. 135-136)
D “fjirtjin- en fyftjinjierrigen” (r. 136)
302pYn alinea 8 stiet dat de meiwurkers fan de rjochtswinkel ûnder oare in
bemiddeljende taak ha.

Notear dêr trije dúdlik ferskillende foarbylden fan dy’t neamd wurde yn
alinea 8.
311pIn skriuwer kin in tekst opbouwe út de folgjende eleminten:
1 feiten
2 syn eigen miening.
3 mieningen fan oaren.
Ut hokker eleminten is dizze tekst opboud?
A út de eleminten 1 en 2
B út de eleminten 1 en 3
C út de eleminten 2 en 3
D út de eleminten 1, 2 en 3
opgave 4Tekst 4 De boer as natoerbehearder
321pWatfoar karakter hat de fetprinte ynlieding fan ’e tekst?
A It is in anekdoate oer de feroarings yn ‘e Fryske lânbou.
B It is in gearfetting fan de tekst.
C It is in presintaasje fan it ûnderwerp fan de tekst.
D It is in skets fan de skiednis fan de Fryske boerestân.
331pYn rigel 32-33 stiet “op dat mêd”.
Op watfoar mêd is dat?
A op it mêd fan de natoer
B op it mêd fan ynfestearringen
C op it mêd fan it hobbybuorkjen
D op it mêd fan natoerfreonlik buorkjen
341pYn rigel 50-51 stiet “dat tinken”.

Sitear it tekstpart fan alinea 2 dêr’t yn stiet wat dat tinken ynhâldt.
351pWat wurdt bedoeld mei ‘ferweving’ yn rigel 55?
A Ferweving betsjut dat boeren al har lân beskikber stelle foar it plante- en
fûgellibben.
B Ferweving betsjut dat boeren neist har produksjewurk taken útfiere yn ‘e
lânskipssoarch.
C Ferweving is de namme fan in fergoeding dy’t boeren krije foar
lânskipsûnderhâld, bygelyks it opknappen fan beamwâlen.
D Ferweving is de namme fan in regeling dy’t boeren brûke kinne om earder
mei it wurk op te hâlden.
361pLês de folgjende útspraak: “It is belangryk dat de beamtoppen yn beamwâlen
goed yn it blêd sitte”.
By hokker organisaasje past dy útspraak it bêste ast alinea 3 lêst?
A by FEL
B by LASER
C by VANLA
371pYn rigel 89 stiet ‘se’.
Wa wurde dêrmei bedoeld?
A “Alderwetske boeren” (r. 82)
B “de measte boeren” (r. 80-81)
C “Thom van der Goot (…) en Hessel Bouma” (r. 82-83)
381pYn rigel 82-85 stiet dat âlderwetske boeren mei in skalk each besjoen waarden.

Sitear in sinpart út alinea 2 dat op de selde hâlding wiist.
392pYn r. 86-87 stiet “De omslach yn tinken”.

Om watfoar feroaring yn tinken giet it hjir?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
401pHokker motyf/motiven kin in boer neffens alinea 4 ha om oan natoerbehear te
dwaan?
A eigenbelang
B leafde foar de natoer
C eigenbelang en leafde foar de natoer
411pYn rigel 113 stiet “Wy”.
Wêr ferwiist Nerus Sytema mei dat wurdsje nei?
A nei de 25 behearsferienings en koöperaasjes yn Fryslân
B nei de federaasje Boer en Natuur
C nei de Noardlike Fryske Wâlden
421pYn ’e rigels 113-121 stiet in sitaat fan Nerus Sytema.
Hoefolle doelen fan syn organisaasje neamt Sytema yn dat sitaat?
A ien doel
B twa doelen
C trije doelen
432p“It lânskipsbehear is fansels foar it each belangryk.” (r. 144-145)

Sitear in sin én in sinpart út alinea 3 dy’t oanjouwe hoe’t dat konkreet
útwurke wurdt.
441pWatfoar konklúzje falt te lûken út de rigels 155-159?
A Benedictus fynt dat it fretten foar fleiskij sûner wêze moat as dat foar
melkkij.
B Benedictus fuorre syn kij destiids minder sûn fretten as no.
C Benedictus hat destiids bargehâlder west.
D Benedictus hat faker fakânsje no’t hy syn kij oar fretten jout.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
451pWatfoar typearring past it bêste by alinea 6?
A It is in konklúzje oer it effekt fan boerebehear op ‘e natoer.
B It is in oprop om natoerfreonlike produkten fan bioboeren te keapjen.
C It is in tafoeging fan in noch net neamde foarm fan natoerbehear troch
boeren.
D It is in warskôging tsjin it brûken fan stikstof yn ’e lânbou.
461pWat is de haadgedachte fan dizze tekst?
A De measte boeren kinne allinne mar bestean bliuwe as se oan natoerbehear
dogge.
B It is stadichoan mear akseptearre dat boeren in rol spylje yn it behearen fan
natoergebieten.
C Natoerorganisaasjes as Staatsbosbeheer ha net folle betrouwen yn ‘e
boeren.
D Thom van der Goot en Hessel Bouma hawwe altiten gelyk hân mei har
oanpak fan it boerebedriuw.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.