bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2010, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Ik kin op it poadium net stean te gûlen

11p
Hokker útspraak past it bêste by alinea 1?
A Yn alinea 1 stiet de oanlieding foar it skriuwen fan de tekst.
B Yn alinea 1 stiet in anekdoate oer Gezina van der Zwaag.
C Yn alinea 1 stiet in koarte gearfetting fan de tekst.
D Yn alinea 1 stiet in yntroduksje oer Gezina van der Zwaag.
21p
Gezina van der Zwaag is sjongeres wurden, mar yn ’t earstoan hie se oare
muzikale ambysjes. (alinea 2)
Wêrom soe se trompet en bugel studearje wolle?
31p
Wêrom gie Gezina van der Zwaag net daliks nei it konservatoarium?
A Har heit seach dat hielendal net sitten.
B It wie der gewoan net fan kommen.
C Se koe der net bugel en trompet studearje.
D Se woe leaver nei de Heao.
42p
“Hoe djip de muzyk ek siet”. (r. 23)
Hokker trije foarbylden neamt Gezina by dit gefoel?
51p
Hoe kaam Gezina yn Australië ynearsten oan jild om fan te libjen?
A Se brûkte it jild dat se fan hûs meinaam hie.
B Se krige jild fan oare backpackers.
C Se naam allerhanne baantsjes oan.
D Se siet altyd te gitaarspyljen en te sjongen.
62p
Yn Australië stiet Gezina op in kearpunt yn har libben.
Sitearje de trije sinparten út alinea 5-6 dy’t dat werjouwe.
72p
Gezina hie al earder op in wichtich kearpunt yn har libben stien.
Hokker yngripend beslút hie se doe naam?
81p
De oerienkomst tusken alinea 7 en 8 is dat se beide oer Gezina har sjongen
geane.
Hokker ferskil is der tusken alinea 7 en 8?
92p
“Stadichoan krije de slomjende ambysjes stal.” (r. 89-90)
Hokker ambysjes hat Gezina neffens alinea 10?
Dizze ynlieding heart by de fragen 10 en 11.
“… al tink ik wol dat oare minsken der wat oan ha kinne.” (r. 84-85)
101p
Op hokker manier hawwe oare minsken wat oan har sjongtalint neffens
alinea 9?
111p
Op hokker manieren hawwe oare minsken wat oan har sjongtalint neffens
alinea 10?
121p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 9 en 10?
A Ambysjes
B Optredens
C Sjongles
D Universele tema’s
131p
Noch net sa lang ferlyn wie mar in lyts part fan Fryslân bekend mei Gezina har
sjongtalint. (r. 104-106)
Hoe kaam it dat se dêrnei bekender waard?
A De film ‘As it is in heaven’ gie yn premiêre en waard in súkses.
B Gezina koe faker optrede omdat se minder wurke.
C Gezina wie faker te hearren as ynfalster yn in bekende Tophûndertband.
D Omrop Fryslân stjoerde opnames út fan har ferzy fan ‘Gabriëlla’s Song’.
141p
“It sloech daliks oan.” (r. 128)
Hokker argumint brûkt Gezina van der Zwaag foar dy konklúzje?
152p
Yn rigel 32 stiet dat Gezina oer universele tema’s sjongt.
Jou twa foarbylden út alinea 14 fan sokke tema’s.
161p
Wêr sit de krêft fan ‘Gabriëlles Liet’ foaral yn neffens Gezina van der Zwaag?
A yn de akkoarden
B yn de wize
C yn it grutte berik
D yn it tema
172p
Gezina kin har emoasjes it bêste kwyt yn it Frânsk en yn it Frysk. (sjoch
alinea 18)
Yn hokker alinea’s hat se dat aspekt wat it Frysk oanbelanget al earder oan
de oarder steld?

opgave 2Tekst 2 In wreed reptyl yn Drachten

181p
Hokker útspraak past it bêste by alinea 1?
A Yn alinea 1 stiet de oanlieding foar it skriuwen fan de tekst.
B Yn alinea 1 stiet de presintaasje fan de haadpersoan út de tekst.
C Yn alinea 1 stiet in anekdoate oer de haadpersoan fan de tekst.
D Yn alinea 1 stiet in oersjoch fan de wichtichste ûnderwerpen út de tekst.
191p
Yn rigel 8 stiet it wurd ‘imago’.
Hokker byld stiet sintraal yn dat imago?
A it byld fan de draak
B it byld fan ‘De Gelaarsde Kat’
C it byld fan de gewoane Drachtster Xenopus
D it byld fan de tripkikkert
201p
Hokker ferbân bestiet der tusken alinea 1 en alinea 2?
A in ferlykjend ferbân
B in konkludearjend ferbân
C in oarsaaklik ferbân
D in tsjinstellend ferbân
211p
Yn rigel 16-17 wurdt Xenopus eins in deagewoane Drachtster neamd.
Yn hokker opsicht wykt Xenopus wierskynlik dochs ôf fan dat byld?
Helje dyn antwurd út alinea 3. Brûk net mear as 15 wurden.
221p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 3?
A Bange âlden
B In Deensk fotomodel
C In fereale noasbear
D Omgong mei bisten
231p
Yn rigel 44-45 stiet “Bangens is oanleard”.
Sitearje in sinpart út it foarôfgeande part fan alinea 3 dêr’t út bliken docht
hoe’t dat neffens Xenopus komt.
242p
Yn de sin “Ik fertel … dwaan wolle.” (r. 45-49) stiet trije kear it ferwiiswurd “se”.
Notearje, yn de folchoarder fan de tekst, wêr’t dy trije wurden nei ferwize.
252p
Yn rigel 35 stiet it wurd ‘meunster’.
Sitearje de beide tekstparten út alinea 1 oant en mei 4 dy’t in beskriuwing
fan it meunster jouwe.
261p
Yn rigel 63-64 wurdt De Gelaarsde Kat in leaf mearkefiguer neamd.
Sitearje in sin út alinea 3 dat in oar byld liket del te setten.
271p
“Hiel wat … oan hat.” (r. 73-74)
Sitearje de sin út alinea 2 dy’t ynhâldlik by dizze sin past.
281p
Wat is de kearn fan alinea 5?
A Xenopus hat in soad fan rockmuzikanten fan froeger.
B Xenopus hat in soad wurk fan syn kreaasjes.
C Xenopus wurdt noartsk as minsken him kopieargedrach ferwite.
D Xenopus wurdt ynspirearre troch de rockband Kiss.
291p
Hokker ferbân is der tusken de alinea’s 5 en 6?
A in foarweardlik ferbân
B in oanfoljend ferbân
C in oarsaaklik ferbân
D in útlizzend ferbân
301p
Yn alinea 6 stiet dat Xenopus it wol grappich fynt om yn syn artysteklean de dyk
op te gean.
Wat motivearret him neffens deselde alinea ek noch om dat te dwaan?
311p
Hokker kopke past it bêste by de ynhâld fan alinea 7?
A Bargje mei bloed
B Gefaarlike petroalje
C Hapke harsens
D Xenopus syn geheimen
321p
Wat foarmet de kearn fan alinea 8?
A in anekdoate
B in konklúzje
C in oprop
D in warskôging
331p
Hokker útspraak past it bêste by de ynhâld fan alinea 9?
A Alinea 9 giet om in konklúzje oer it wurk fan Xenopus.
B Alinea 9 giet foaral om in persoanlike ûnderfining fan de skriuwer fan de
tekst.
C Alinea 9 is in oprop om nei in foarstelling fan Xenopus te gean.
D Alinea 9 is in warskôging tsjin ferkearde omgong mei bisten.
341p
Wêr makke Johannes Keekstra by it skriuwen fan syn tekst oer Xenopus gebrûk
fan?
A Fan feiten
B Fan feiten en fan de miening fan Xenopus
C Fan feiten, fan de miening fan Xenopus en fan syn eigen miening
351p
Wat is it wichtichste skriuwdoel fan dizze tekst?
A Amusearje mei it ferhaal fan de aparte Drachtster artyst Xenopus.
B Ynformearje oer it wurk en de ideeën fan de artyst Xenopus.
C Oertsjûgje fan it feit dat Xenopus in hiel goede artyst is.
D Oantrúnje om in optreden fan de artyst Xenopus te boeken.

opgave 3Tekst 3 Altyd tsjuster, mar hjir en dêr in puntsje ljocht

361p
Hokker útspraak past it bêste by alinea 1?
A Yn alinea 1 stiet in anekdoate oer Bram Schultinga.
B Yn alinea 1 stiet in gearfetting fan ’e tekst.
C Yn alinea 1 stiet in konklúzje op foarhân.
D Yn alinea 1 stiet de presintaasje fan it ûnderwerp.
Dizze ynlieding heart by fraach 37 en 38.
Bram wie noch mar fiif jier, doe’t er blyn waard.
371p
Hokker neidiel hat dat neffens de tekst?
Brûk net mear as 10 wurden.
381p
Hokker foardiel hat dat neffens de tekst?
Brûk net mear as 10 wurden.
392p
Bram kiest der foar om net in sinnebril te dragen.
Hokker trije arguminten hat hy dêrfoar?
402p
Hokker redenen hie Bram om oer te stappen fan de stúdzje skiednis nei de
stúdzje rjochten?
411p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 5?
A Alderlik hûs
B Fragminten
C Kleuren
D Moaie oantinkens
421p
Wat is it ferbân tusken alinea 5 en alinea 6?
A oarsaaklik ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útlizzend ferbân
431p
“Hoe goed … sels dwaan.” (r. 120-128)
Wat is it ferbân tusken dit tekstfragmint en de rest fan dy alinea?
A gearfetsjend ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útlizzend ferbân
441p
Wat is it ferbân tusken alinea 7 en alinea 8?
A ferlykjend ferbân
B opsomjend ferbân
C tsjinstellend ferbân
D útlizzend ferbân
451p
Hokker kopke past it bêste boppe alinea 8 en 9?
A Blyn wêze
B Eigen metoade
C Goed ûntwikkele sintugen
D Pluspunten
Dizze ynlieding heart by de fragen 46 en 47.
“Bram gunt ús in blik yn syn wrâld”. (r. 10-11)
461p
Yn hokker alinea(’s) komt de lêzer mear te witten oer Bram syn jeugdjierren?
471p
Yn hokker alinea(’s) komt de lêzer mear te witten oer de stúdzje fan Bram?
481p
Wat is it wichtichste skriuwdoel fan de tekst?
A de lêzer ferdivedearje
B de lêzer ynformearje
C de lêzer oantrúnje
D de lêzer oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.