bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2014, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 In pûdfol snaffel- en hinnepoatechips

11p
De titel fan in tekst kin de folgjende funksjes hawwe:
1 de lêzer nijsgjirrich meitsje
2 de ynhâld gearfetsje
Hokker funksje(s) hat de titel ‘In pûdfol snaffel- en hinnepoatechips’?
A allinnich funksje 1
B allinnich funksje 2
C funksje 1 en 2
21p
“Dat hat it bedriuw witten: de oprop fan dit jier hat allinne al yn Nederlân
mear as 400.000 ideeën foar in nij smaakje opsmiten.” (rigels 4-7)
Wat is it ferbân tusken dizze sin en alinea 2?
A Yn alinea 2 stiet in bypassend foarbyld.
B Yn alinea 2 stiet in bypassend gefolch.
C Yn alinea 2 stiet in bypassende ferklearring.
31p
Wat soe de oanlieding foar it skriuwen fan dizze tekst wêze kinne ast nei
alinea 3 sjochst?
41p
Wat is de kearnsin fan alinea 5?
A “De smaakwedstriid … holden wurde.” (rigels 54-55)
B “De chips … yn tomatesaus.” (rigels 60-62)
C “Dat heart … in hin…” (rigels 65-68)
D “Oeral wurde … wrâld ferskillend.” (rigels 68-70)
51p
Boppe hokker alinea past it kopke ‘Eardere winners yn Nederlân’ it bêste?
A boppe alinea 2
B boppe alinea 3
C boppe alinea 4
D boppe alinea 5
61p
Hokker bewearing jout it bêste de kearn fan de tekst wer?
A Chipsfabrikant Lay’s skeakelet klanten yn by it bepalen fan nije
chipssmaken.
B Chipssmaken ferskille yn de hiele wrâld bot fan elkoar.
C Der is by de smaakwedstriid fan Lay’s in protte jild te fertsjinjen.
D It is foar fabriken ûnmooglik om alle nij-betochte chipssmaakjes te
ûntwikkeljen.
71p
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan de folgjende
eleminten:
1 feiten
2 de miening fan in oar
3 syn eigen miening
Wêr makket de skriuwer fan dizze tekst foaral gebrûk fan?
A Hy makket foaral gebrûk fan 1.
B Hy makket foaral gebrûk fan 2.
C Hy makket foaral gebrûk fan 3.

opgave 2Tekst 2 Tókke pap fôr ame

81p
De earste alinea fan in tekst kin ien fan de folgjende funksjes hawwe:
1 it beneamen fan in ûndersyksûnderwerp
2 it yntrodusearjen fan ien of meardere belutsenen
3 it jaan fan in gearfetting foarôf
4 it stellen fan in sintrale fraach
Hokker funksje hat de earste alinea fan dizze tekst?
A De earste alinea hat funksje 1.
B De earste alinea hat funksje 2.
C De earste alinea hat funksje 3.
D De earste alinea hat funksje 4.
91p
Hokker ferbân is der tusken de sin “‘Wy brûke... net kenne.’” (rigels
15-16) en alinea 3?
A It is in oanfoljend ferbân.
B It is in oarsaaklik ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
101p
Wat seit de sin “En as... Hylper flaggen.”? (rigels 46-49) oer Hylper
minsken?
111p
“Letter wolle de freondinnen it Hylpersk oan harren bern trochjaan.” (rigels
51-52)
Wêrom soenen se dat belangryk fine? Basearje dyn antwurd op
alinea 6.
De ûndersteande ynlieding heart by de fragen 12 en 13.
Yn de alinea’s 8 oant en mei 10 jout Gosse Blom syn fyzje op de
ûntwikkelingen yn it Hylpersk.
122p
Neam út dy fyzje twa positive punten.
131p
Neam út dy fyzje ien negatyf punt.
141p
Wat is it ferbân tusken: “‘Yn Hylpen leit in goede taalbasis,’” (rigel 85) en
“‘Alderen prate... dat is.’” (rigels 86-88)?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oanfoljend ferbân.
C It is in oarsaaklik ferbân.
D It is in opsomjend ferbân.
151p
Alinea 11 begjint mei in fraach.
Sitearje ien sin út dyselde alinea dy’t dêr in dúdlik antwurd op jout.
161p
Neist it Hylpersk binne der ek noch twa oare eleminten dy’t ta de Hylper
kultuer hearre.
Yn hokker alinea wurde dy twa eleminten dúdlik neamd?
A yn alinea 4
B yn alinea 5
C yn alinea 6
D yn alinea 7
171p
Wêrom hawwe âlden in wichtige rol by it behâlden fan it Hylpersk?
A Alden kinne de bern grutbringe yn it Hylpersk.
B Alden kinne de skoalle stypje by it oanlearen fan it Hylpersk.
C Alden kinne helpe by it meitsjen fan nij lesmateriaal.
181p
De tekst kinst yn twa parten ferdiele. It earste part bestiet út in
fraachpetear mei twa fammen.
Wêr bestiet it twadde part út?
A feitlike ynformaasje
B in tal mieningen
C mieningen likegoed as feitlike ynformaasje
191p
Hoe kin de ynhâld fan de lêste alinea it bêste werjûn wurde?
De lêste alinea befettet
A in beskriuwing fan in tal mooglike aktiviteiten.
B in gearfetting fan de tekst.
C in oprop oan de lêzer.
201p
Gosse Blom is tige aktyf yn de Stichting tot Behoud van Immaterieel
Erfgoed Hindeloopen.
Wat hat Gosse Blom earder al dien foar it Hylpersk?
211p
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan de folgjende
eleminten:
1 feiten
2 de eigen miening
3 de miening fan oaren
Wêr makket de skriuwster fan dizze tekst foaral gebrûk fan?
A Sy makket foaral gebrûk fan 1 en 2.
B Sy makket foaral gebrûk fan 1 en 3.
C Sy makket foaral gebrûk fan 2 en 3.

opgave 3Tekst 3 Snackkeninginne fan De Gaastmar

221p
Hokker útspraak oer alinea 1 is goed?
A Yn alinea 1 stiet in anekdoate.
B Yn alinea 1 stiet in gearfetting.
C Yn alinea 1 stiet in konklúzje.
D Yn alinea 1 stiet in miening.
231p
Yn de rigels 8 oant en mei 11 stiet dat de klanten roppich binne.
Sitearje de sin dêr’t yn stiet hoe’t it komt dat se roppich wurden binne.
241p
Wêr slacht ‘dy’ (rigel 18) op werom?
A de sylskoalle
B ‘fette hap fan Tante Trien’
C Trienke van Netten
D Trynke Gerritsma
251p
Sitearje de sin dy’t oanjout wêrom’t Trienke mei har snackbar begûn is.
261p
“‘It is letter allinnich wat út ’e hân rûn.’” (rigels 43-44)
Omskriuw yn maksimaal 20 wurden wat mei dit sitaat bedoeld wurdt.
272p
Wa wurdt bedoeld mei ‘senior’ (rigel 50) en wa wurdt bedoeld mei ‘junior’
(rigel 50)?
281p
Op hokker wize slút de sin “Potatoes, chips... skoan mei.” (rigels 63-66)
oan op de sin “‘Se praat... moatst tinke!’” (rigels 62-63)?
A De sin foarmet in tsjinstelling mei de foarige sin.
B De sin jout ferdúdlikjende foarbylden fan de foarige sin.
C De sin nuansearret de foarige sin.
291p
“‘soks is privee.’” (rigels 73-74)
Wat bedoelt Trienke dêrmei?
Brûk maksimaal 20 wurden.
301p
“‘It is mar sa’n krûpyntsje’” (rigels 82-83)
Sitearje it sinpart út alinea 4 dat it wurd ‘krûpyntsje’ omskriuwt.
311p
Trienke van Netten wurdt yn de titel fan de tekst ‘Snackkeninginne fan De
Gaastmar’ neamd.
Hoe is dy titel út de tekst wei te ferklearjen?
A Trienke hat wolris keninklike gasten hân.
B Trienke is fan deselde jierren as de eardere Keninginne Beatrix.
C Trienke is in begryp yn De Gaastmar en fier dêrbûten.
D Trienke wie de earste dy’t yn De Gaastmar in snackbar begûn is.
321p
Wat foar tekst is ‘Snackkeninginne fan De Gaastmar’?
A It is foaral in ferdivedearjende tekst mei oertsjûgende eleminten.
B It is foaral in ynformearjende tekst mei ferdivedearjende eleminten.
C It is foaral in oantrunende tekst mei ferdivedearjende eleminten.
D It is foaral in oertsjûgjende tekst mei ynformearjende eleminten.

opgave 4Tekst 4 Stach yn in slop jaske

331p
Hokker bewearing past it bêste by alinea 1?
A Yn alinea 1 stiet in aardige anekdoate út it boek Kening fan Katoaren.
B Yn alinea 1 stiet in belangrike konklúzje út de tekst ‘Stach yn in slop
jaske’.
C Yn alinea 1 stiet in nije ûntwikkeling wat it boek Kening fan Katoaren
oanbelanget.
D Yn alinea 1 stiet in oprop om it boek Kening fan Katoaren te keapjen.
De ûndersteande ynlieding heart by de fragen 34 en 35.
Yn de rigels 4 oant en mei 6 stiet dat Stach foar de duvel net bang is en
de hearen politisy alle kearen wer te kakken set.
341p
Ut hokker alinea kinst it bêste ôfliede dat Stach foar de duvel net bang is?
A alinea 2
B alinea 3
C alinea 4
351p
Op hokker wize besykje de politisy fan har kant om Stach te kakken te
setten?
361p
Hokker ferbân is der tusken alinea 3 en alinea 4?
A in ferlykjend ferbân
B in oarsaaklik/redenjaand ferbân
C in opsomjend ferbân
D in tsjinstellend ferbân
372p
Yn de alinea’s 3 en 4 steane skaaimerken fan de fantasyheld yn it
algemien en skaaimerken fan Stach yn it bysûnder.
Set yn de ûndersteande seis fakjes hieltyd op it goede plak it wurd ‘ja’
of ‘nee’.
skaaimerk De held... Jildt foar de fantasyheld yn it algemien Jildt (ek) foar Stach yn it bysûnder hat in goed karakter.     kriget troch it oerwinnen fan in soad problemen hieltyd mear oansjen.     trout úteinlik mei it famke fan syn hert.    
382p
“de wrâld (hokker fan beide dan ek) út te helpen.” (rigels 62-63)
Hokker twa wrâlden bedoelt de skriuwer hjir? Helje dyn antwurd út
alinea 5.
391p
“En dan sil sa’n jonge samar efkes…” (rigels 65-66)
Ut dy opmerking blykt twivel.
By hokker groep minsken spilet dy twivel neffens alinea 5?
A by de ynwenners fan Smook en Wapenfjild
B by hûnderten knappe koppen
C by lêzers fan it boek
401p
Wat is de kearnsin fan alinea 6?
A “Jierren en … Nederlânsk lêzen.” (rigels 67-68)
B “It wie … myn jeugd.” (rigels 68-69)
C “Mar hoewol’t … wer oploste.” (rigels 70-74)
411p
Hokker ferbân is der tusken alinea 7 en alinea 8?
A in foarweardlik ferbân
B in konkludearjend ferbân
C in opsomjend ferbân
D in tsjinstellend ferbân
Sjoch foar de lêste fragen de folgjende side.
421p
Hokker oprop stiet yn alinea 9?
In oprop om
A de Fryske edysje fan Koning van Katoren te keapjen.
B de oare boeken fan Jan Terlouw ek te lêzen.
C it boek Koning van Katoren op ’e nij te lêzen.
D nei de film Koning van Katoren ta te gean.
431p
Hokker útspraak komt oerien mei Ate Grypstra syn miening oer it boek?
Hy fynt it ferhaal yn it Frysk prima, mar
A hy fynt it Nederlânske orizjineel better.
B it Nederlânske orizjineel lêst folle makliker.
C it omkaft wat suterich en slop.
D minder spannend as it orizjineel.
441p
Hokker skriuwdoelen soe Ate Grypstra, njonken ynformearjen, hân
hawwe?
A foaral ferdivedearje en in bytsje oertsjûgje
B foaral oantrune en in bytsje ferdivedearje
C foaral oantrune en in bytsje oertsjûgje
D foaral oertsjûgje en in bytsje oantrune
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.