opgave 1Tekst 1 Efterstânssituaasje yn Fryslân
11p
Hokker funksje hat de earste alinea?
A De earste alinea jout de probleemstelling mei in anekdoate oan.
B De earste alinea jout in gearfetting fan de tekst.
C De earste alinea jout yn it foaren de konklúzje fan de tekst.
D De earste alinea jout it ûnderwerp fan de tekst oan.
“Verhaar en Westering binne wittenskiplike ûndersikers”, stelt de skriuwer al
daliks oan it begjin fan de tekst fêst.
22p
Wat suggerearret de skriuwer yn de dêrop folgjende sin?
31p
Hokker redenearring wurdt yn alinea 2 wjerlein?
Neam dy redenearring en brûk dêrfoar net mear as 12 wurden.
Yn alinea 2 steane trije fragen.
41p
Binne dy fragen retoarysk?
Motivearje it antwurd yn net mear as 15 wurden.
De skriuwer hat krityk op it lizzen fan in kausaal ferbân tusken folksaard en
wurkleazens.
51p
Yn hokker stik wurdt dat ferbân lein?
A Yn gjin fan beide stikken, de skriuwer hat dat ferbân sels betocht.
B Yn het rapport ‘Kinderen in tel’ en ek yn it ûndersyk fan Verhaar en
Westering.
C Yn it rapport ‘Kinderen in tel’.
D Yn it ûndersyk fan Verhaar en Westering.
Yn alinea 4 sprekt de skriuwer oer de twadde natuer fan de Friezen (r. 79).
62p
Is dy twadde natuer erflik bepaald of giet it om in kultureel ferskynsel?
Motivearje it antwurd yn net mear as 15 wurden en helje dat út de tekst.
De skriuwer hat it yn alinea 5 oer it Fryskeigene, in folksaard en in folkssiel.
Hy stelt dat dy trije begripen neffens Verhaar-en-dy mei-inoar ferbân hâlde.
Dêrmei wol er de konklúzjes fan Verhaar-en-dy oanfjochtsje.
71p
Wat kin fan syn argumintaasje sein wurde?
A Dy argumintaasje is korrekt om’t de redenaasje fan Verhaar-en-dy net
doocht.
B Dy argumintaasje is korrekt, want it giet yn wêzen oer itselde begryp,
besjoen út de sosjology, de psychology en de metafysika wei.
C Dy argumintaasje is net korrekt om’t de skiuwer Verhaar-en-dy wurden yn ’e
mûle leit dy’t se net brûkt hawwe.
D Dy argumintaasje is net korrekt, want dy wurden betsjutte neffens Verhaar-
en-dy dúdlik net itselde.
Yn alinea 6 wurdt fan alles nei foaren brocht dat beslút mei de stelling dat it
begryp ‘folksaard’ in konstruearre fenomeen is.
81p
Wat kin fan dy útiensetting yn syn gehiel sein wurde?
A De útiensetting is oertsjûgjend, want hy is basearre op heldere foarbylden.
B De útiensetting is oertsjûgjend, want hy bewiist dat der gjin folksaard bestiet.
C De útiensetting is net oertsjûgjend, want hy is basearre op ûnsinnige
foarbylden.
D De útiensetting is net oertsjûgjend, want hy past net by de stelling.
“As it in frjemd... folslein minske.” (r. 126-130) is in miening.
91p
Fan wa is dy miening?
A fan de minsken dy’t jo de kost mar jaan moatte sille
B fan de skriuwer
C fan Maarten van Rossum
D fan Thorbecke
102p
Sitearje de twa sinnen fan alinea 6 dy’t ynhâldlik itselde binne.

112p
Wat is der tsjin op it brûken fan in sin as boppesteande yn in debat?
Lis it antwurd út en brûk dêrfoar net mear as 15 wurden.
De skriuwer fynt in opmerking as “de neger is lui” (r. 152) tagelyk in gefal fan
generalisaasje en fan stereotypearring.
121p
Wêrom is “de neger is lui” in gefal fan generalisaasje?
A Omdat de luiens sjoen wurdt as de wichtichste eigenskip fan negers.
B Omdat ien luie neger gjin bewiis is dat alle negers lui binne.
C Omdat it wurd ‘neger’ hjoed de dei in misledigjende betsjutting hat.
D Omdat mei it wurd ‘de’ yn dit gefal alle negers oantsjut wurde.
De skriuwer fynt in opmerking as “de neger is lui” (r. 152) tagelyk in gefal fan
generalisaasje en fan stereotypearring.
131p
Wêrom is “de neger is lui” in gefal fan stereotypearring?
A Omdat de luiens sjoen wurdt as de wichtichste eigenskip fan negers.
B Omdat ien luie neger gjin bewiis is dat alle negers lui binne.
C Omdat it wurd ‘neger’ hjoed de dei in misledigjende betsjutting hat.
D Omdat mei it wurd ‘de’ yn dit gefal alle negers oantsjut wurde.
141p
Mei hokker sinpart yn alinea 7 makket de skriuwer syn eigen redenearring
minder sterk?
152p
Wêrom doocht it foarbyld by it tredde argumint (r. 162-164) net?
Brûk foar it antwurd net mear as 15 wurden.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De ûndersikers beskôgje it Frysk folksaard as it aard, de wearden en noarmen
fan de ynwenners fan Fryslân. (r. 14-16)
162p
Hoe docht út alinea 7 bliken dat dy fêststelling yn alinea 1 net doocht?
Motivearje it antwurd yn net mear as 20 wurden en brûk dêr in sitaat út alinea 7
by.
173p
Wat is de ynhâld fan it Frysk-eigene neffens Verhaar-en-dy?
Brûk net mear as 25 wurden.
181p
Mei hokker sin kin de tekst it bêste gearfette wurde?
A Dat yn de Flevopolder slimmere efterstannen sinjalearre wurde as yn
Fryslân, is in bewiis dat it Fryskeigene net de oarsaak wêze kin fan de
Fryske problemen.
B It Fryskeigene feroaret hyltyd, dus is it Fryskeigene net brûkber as in begryp
foar wittenskiplik ûndersyk.
C It Fryskeigene mei net as de oarsaak oantsjut wurde fan de efterstannen yn
Fryslân, al wie it mar om’t net ien wit wat dat begryp krekt ynhâldt.
D Salang’t it Fryskeigene net wittenskiplik ûndersocht is, meie der gjin
wittenskiplike útspraken oer dien wurde.
192p
Hokker twa opienfolgjende alinea’s falle bûten it spesifike ûnderwerp fan de
tekst? Motivearje it antwurd yn net mear as 15 wurden.
201p
Wat is de bedoeling fan de tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje
Tekst 1 en tekst 2
212p
Wat is ynhâldlik it wichtichste ûnderskie tusken tekst 1 en tekst 2 ast sjochst nei
it begryp ‘folksaard’?


















