bronnen

Eindexamen fries vwo 2012, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 It fersin fan René Descartes

11p
Hokker funksje hat alinea 1?
A gearfetting
B yntroduksje
C konklúzje
D oanlieding
21p
Wat is de kearnsin fan alinea 1?
31p
Wat is it ferbân tusken alinea 1 en alinea 2?
A oarsaaklik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
43p
Hoe stekt de argumintaasje yn alinea 2 yninoar? Gean út fan hiele sinnen en
brûk yn it antwurd de begripen ‘argumint’, ‘konklúzje’, ‘stelling’ en ‘subargumint’.
52p
Wêrom is it fersin dat yn alinea 3 neamd wurdt ‘kartesiaansk-eftich’? Brûk net
mear as 15 wurden.
Yn alinea 4 wurde doel en wurkwize fan it ‘kafetaria-eksperimint’ neamd.
62p
Hokker flater makket de ûndersiker yn dy alinea? Brûk net mear as 25 wurden.
“Wy wienen … wjirms wol.” (r. 56-58)
72p
Hokker ferklearring jout de skriuwer foar de ûnferwachte kar fan de fûgels?
Brûk net mear as 20 wurden.
81p
Wat is de relaasje tusken de sinnen “Yn de … te kreakjen.” (r. 60-64) en “Sa die
… har spiermage.” (r. 64-67)?
A oarsaaklik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
Mei de sin “Dat wie … ferkeart, ensafierder.” (r. 70-77) jout Piersma in
ûnderbouwing fan in bewearing út de foargeande alinea’s.
91p
Hokker bewearing is dat? Brûk net mear as 15 wurden.
102p
Wat is opmerklik yn Piersma syn brûken fan it stylmiddel retoaryske fraach yn
alinea 8? Brûk net mear as 20 wurden.
111p
Wat is de soartgelikense oantsjutting fan ‘couchpotatoes’ by de mients?
122p
Wat is de haadgedachte fan alinea 8? Brûk net mear as 20 wurden.
Yn alinea 9 komme ferskillende typen fan argumintaasje foar.
131p
Sitearje de drôchreden yn dy alinea.
Oare argumintaasjefoarmen as de drôchreden binne bygelyks argumintaasje op
grûn fan ‘autoriteit’, fan ‘fergeliking’, fan in ‘foarbyld’ en fan ‘ûnderfining’.
142p
Wiis twa fan boppesteande argumintaasjefoarmen oan yn alinea 9 en sitearje de
sinnen dy’t dêr by hearre.
Piersma neamt de tinkwize fan Hawking dat de minske de ierde skylk ferlitte
moat, in grut fersin (alinea 12).
152p
Wat is it fersin dat Hawking neffens de skriuwer makket? Brûk net mear as
15 wurden.
“By de … wie permanint.” (r. 203-205).
162p
Hokker tinkflater makket de skriuwer mei dy opmerking? Brûk net mear as
15 wurden.
172p
Fan hokker ynkonsekwinsje tsjûget dy opmerking? Brûk net mear as 15 wurden.
182p
Hoe komt it dat de gewichtleazens fan ynfloed is op it hertfolume? Brûk net mear
as 15 wurden.
Feitlik is de titel fan it artikel in bytsje misliedend.
192p
Lis út wêrom’t dat sa is. Brûk net mear as 20 wurden.
201p
By watfoar tekstsoarte heart dizze tekst?
A redenearring
B resinsje
C skôging
D útiensetting

opgave 2Tekst 2 Grut wurde mei twa talen

“Is meartaligens wier sa’n mearkoppich meunster?” (r. 8-9)
211p
Wêrom wurdt hjir dat byld fan in ‘mearkoppich meunster’ brûkt? Brûk net mear
as 10 wurden.
221p
Wat is de funksje fan alinea 1?
A fraachstelling
B gearfetting foarôf
C oanlieding
D stelling
Yn alinea 2 brûkt de skriuwster in rekkenkundich argumint om oannimlik te
meitsjen dat de werklikheid oars is.
231p
Wat doocht net oan it rekkenkundich argumint?
A Dat ien gjin wiskundewûnder is, bewiist net dat der hiel wat meartaligen
wêze moatte.
B It argumint soe allinnich mar jilde as der minder as seis tûzen minsken
wiene.
C It is net mooglik om nei te gean oft de brûkte sifers klopje.
D It tal minsken wurdt net yn de berekkening behelle.
Alinea 3 begjint mei in definysje fan meartaligens.
241p
Is de skriuwster it mei dy definysje iens?
A Ja, mar se jout der in nuansearring by oan.
B Ja, want lytse bern kinne hiel maklik twa talen tagelyk oanleare.
C Nee, want de definysje easket praktysk it ûnmooglike.
D Nee, want in twatalige is net twa ientaligen yn ien.
251p
Wat is it ferbân tusken de sinnen “Faak wurdt... yn ien.” (r. 24-30) en de
passaazje “ik bin... it Ingelsk.”? (r. 30-42)
A foarweardlik
B opsomjend
C tsjinstellend
D útlizzend
261p
Wat is de funksje fan it lêste part fan alinea 3 “Kennis fan... hawwe sille.”?
(r. 42-50)
A ynlieding
B konklúzje
C oanlieding
D stelling
De taalfeardigens fan meartalige bern is faak negatyf yn it nijs, bygelyks as it
giet om de problematyk oangeande taalachterstân. (alinea 6)
271p
Wêrom is de skriuwster it net iens mei de bewearing dat meartalige bern in
taalachterstân hawwe? Brûk net mear as 15 wurden.
282p
Wêrom is it wichtich om te witten dat hast de helte fan de bern dy’t yn Nederlân
in taalachterstân hawwe, ientalich is? (alinea 8) Brûk net mear as 15 wurden.
291p
Wat wol de skriuwer mei it kaartspultsje (alinea’s 10-11) oantoane oangeande
twataligens? Lis dat út yn net mear as 10 wurden.
De skriuwster stelt oan it begjin fan alinea 14 dat wittenskippers net sa goed
witte wannear’t bern it bêste begjinne kinne mei it oanlearen fan in twadde taal.
302p
Wêrom kin dat mooglik better net fuortdaliks fan de berte ôf oan? Helje it
antwurd út de resultaten dy’t it ûndersyk fan Ellen Bialystok opsmiten hat (alinea
10 en 11). Brûk net mear as 25 wurden.
312p
Wat is it nije yn de doelstelling fan it ûndersyk nei in twatalige opfieding dêr’t de
skriuwster nei ferwiist yn alinea 14 yn fergeliking mei de doelstelling fan de
ûndersiken dy’t neamd binne yn alinea 5? Brûk net mear as 15 wurden.
321p
Wat is de funksje fan de lêste alinea?
A gearfetsje
B in miening jaan
C in stelling ponearje
D konkludearje
We witte wol, stelt de skriuwster yn har lêste sin, dat beide talen dêr’t in
meartalich bern mei opgroeit, fan belang binne.
332p
Wat soe in Frysktalich bern dat ek Nederlânsktalich is neffens Sharon Unsworth
foar hawwe op in bern dat ientalich is?
341p
Wat is it skriuwdoel fan de tekst?
A ynformearje
B oantrune
C oertinke
D oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.
lees verdeer i nd e