bronnen

Eindexamen fries vwo 2021, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 De takomst fan Fryske kultuer

11p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
It ûnderwerp wurdt ynlaat mei
A in anekdoate.
B in fraachstelling.
C in gearfetting foarôf.
D in stânpunt.
Neffens alinea 1 wie Fryslân yn 1960 in oersichtlike maatskippij.
21p
Neam twa tsjinstellingen dêr’t dat út bliken docht.
“Njonken Nederlânsk kaam no it Ingelsk as tredde taal op” (r. 46-47)
31p
Wat is it ferbân mei de foarôfgeande sin “Dêroerhinne kaam no in globale,
ynternasjonale skyl te lizzen.” (r. 44-45)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjaand ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Yn de alinea’s 2 oant en mei 4 wurdt útlein dat it taalperspektyf yn Fryslân
earst feroare fan ientalich nei twatalich, en dêrnei fan twatalich nei
meartalich.
42p
Neam foar elk fan dy twa feroaringen de oanlieding.
“De talige werklikheid is dêrmei floeiberder wurden” (r. 57-59)
51p
Wêr docht dat út bliken?
61p
Sitearje de kearnsin fan alinea 6.
71p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 5 en 6?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjaand ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Hjirûnder stean fjouwer aspekten dy’t yn alinea 6 neamd wurde yn it ramt
fan de feroarjende opfetting oer kultuer nei 1990.
1 de wearden fan in frijemerkprodukt
2 kennis fan de eigen skiednis en taal
3 selsrepresintaasje fan in mienskip
4 de toeristyske of evenemintsjele kontekst
81p
Hokker aspekten binne wichtich yn dat neoliberalistyske tinken?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 1 en 4
D 2 en 3
Yn alinea 7 neamt de skriuwer it Fryske kultuerbelied ‘in twastreamelân’.
91p
Fynt de skriuwer dat twastreamelân in goed ding?
Lis dyn antwurd út.
101p
Op hokker stelling út alinea 7 giet de skriuwer yn de alinea’s 8 en 9
neier yn?
A de stelling dat de kulturele beliedsmakkers alâlde ûndergongs-
profesijen oanhingje
B de stelling dat der yn it Fryske kultuerbelied sprake is fan in
twastreamelân
C de stelling dat it Frysk as probleem sjoen wurdt dat net tefolle
omtinken krije moat
Der is neffens de skriuwer sprake fan in ‘paradoksale spanningsbôge’
(r. 105).
111p
Beneam de paradoks.
Yn alinea 9 praat de skriuwer fan “dat pessimistyske ûndergongstinken”
(r. 119-120).
121p
Sitearje út it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 7 en 8 it wurd dêr’t de
skriuwer itselde mei oantsjut.
“De behearsking fan it Frysk rint ek ûnder de jongerein amper tebek”
(r. 121-123)
131p
Wêrom neamt de skriuwer dêrnei spesifyk de millennials?
Behelje de ynlieding boppe de tekst (“De millennials... bûtenwrâld ta?”)
yn dyn antwurd.
142p
Wêrom moat neffens de skriuwer it taalbelied spesifyk foar it Frysk
beholden wurde, njonken it meartalichheidsbelied?
Helje twa redenen út alinea 10.
Yn alinea 12 fertelt de skriuwer wêr’t neffens him de wearde fan
‘Fryskens’ yn leit.
151p
Hokker stelling jout dat it bêste wer?
De wearde fan ‘Fryskens’
A is tichteby, yn minsken sels, te finen.
B komt it meast ta utering yn de Fryske kultuer.
C moat foaral socht wurde yn wierheden.

opgave 2Tekst 2 Meartaligens begraaft Frysktalige kultuer

“watfoar skriuwer wol yn ’e boeken komme as de kronikeur fan it lokale
fytsehok?” (r. 7-9)
161p
Watfoar soart byldspraak brûkt de skriuwer yn dy sin?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
171p
Hokker punt fan krityk uteret de skriuwer op hoe’t meartaligens yn tekst 1
definiearre is?
Yn alinea 4 wurdt de ferhâlding tusken it Frysk en it Nederlânsk yn it ramt
fan diglossy beskreaun.
181p
Hoe ferhâlde de twa talen harren yn dy beskriuwing ta inoar?
“Men kin soks min oars sjen as de útkomst fan belied.” (r. 82-83)
191p
Op hokker ûntjouwing doelt de skriuwer?
Basearje dyn antwurd op de alinea’s 5 en 6.
“Leaver wurdt spekulatyf oantoand dat meartalige bern hiel gelokkige
minsken wurde sille, as dat men de algeduerige belegering fan ’e
minderheidstaal bestudearret en oan de kaak stelt.” (r. 92-97)
201p
Watfoar bysûnder taalgebrûk befettet dy sin?
A eufemisme
B paradoks
C sarkasme
D werhelling
Yn alinea 7 docht de skriuwer in oprop foar hiel oare ferhalen oer Fryske
taal en kultuer. (r. 98-100)
211p
Hoe presintearret er syn arguminten foaral?
A as arguminten op basis fan autoriteit
B as arguminten op basis fan feiten
C as emosjonele arguminten
D as morele arguminten
De volgende inleiding hoort bij de vragen 22 en 23.
Yn alinea 8 typearret de skriuwer diglossy as ‘ferstikkend’.
221p
Sitearje de sin earder yn de tekst dêr’t de skriuwer beskriuwt hoe’t dy
ferstikkende diglossy der neffens him yn de praktyk útsjocht.
Helje dyn antwurd út it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 3 oant en mei 5.
231p
Wat is neffens de skriuwer it effekt fan it ‘ferstikkende’ op praters fan it
Frysk?
241p
Hoe kinst de funksjes fan de lêste twa alinea’s fan de tekst it bêste
oantsjutte?
A Alinea 9 is in advys en alinea 10 is in stânpunt.
B Alinea 9 is in oantrún en alinea 10 is in advys.
C Alinea 9 is in oantrún en alinea 10 is in stânpunt.
D Alinea 9 is in stânpunt en alinea 10 is in oantrún.
E Alinea 9 is in útlis en alinea 10 is in advys.
F Alinea 9 is in útlis en alinea 10 is in oantrún.
“watfoar skriuwer wol yn ’e boeken komme as de kronikeur fan it lokale
fytsehok?” (r. 7-9)
251p
Lis yn dyn eigen wurden út wat de skriuwer yn dizze tekst bedoelt mei dy
fraach.
De volgende vraag heeft betrekking op de teksten 1 en 2.
De beide skriuwers gean yn op de ûntjouwing fan de Fryske taalkultuer
nei in twatalige maatskippij.
262p
Wat is it wichtichste ferskil yn opfetting tusken de skriuwers fan
tekst 1 en 2 oer hoe’t dy ûntjouwing ta stân kaam?

opgave 3Tekst 3 Wy binne beide Fries. Dat is de basis

271p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A It is in anekdoate.
B It is in gearfetting foarôf.
C It is in konklúzje foarôf.
D It is in oanlieding.
De skriuwer stelt dat Breuker in fassinaasje hat foar Postma. Breuker
nuansearret dy stelling.
281p
Sitearje út alinea 2 it wurd dat Breuker sels brûkt om oan te jaan wêrom’t
er oer Postma skriuwt.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
Yn alinea 3 stelt Breuker dat it neffens him better is as in biograaf wat
âlder is (r. 39-40).
291p
Wêrom fynt er dat?
Op basis fan alinea 4 kinst konkludearje wat Breuker it grutte ferskil fynt
tusken syn eigen biografy oer Obe Postma en dy fan Tineke Steenmeijer.
302p
Jou it ferskil yn dyn eigen wurden oan.
“der is altyd it gefaar dat men jinsels yn de persoan werom ken.” (r. 58-59)
311p
Wa bedoelt Breuker mei dy “men”?
A de lêzer fan in biografy
B de skriuwer fan in biografy
C de lêzer likegoed as de skriuwer fan in biografy
Yn alinea 5 fertelt Breuker dat er op syn 65ste werom gien is nei de
herfoarme tsjerke.
321p
Wêrom hat er dat dien?
Ut alinea 6 kinst in oerienkomst ôfliede dy’t Breuker sjocht tusken himsels
en Postma.
331p
Hokker is dat?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 34 en 35.
“It libben is ommers yn essinsje in ferlerne striid.” (r. 48-49)
341p
Watfoar soarte fan byldspraak brûkt Breuker yn dy sin?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
351p
Hokker ynformaasje dy’t Breuker oer Postma fertelt, slút oan by dy
útspraak?
Yn alinea 9 neamt Breuker skriuwers dy’t troch Postma beynfloede binne.
361p
Troch hokker aspekt fan it skriuwerskip fan Postma komt dat, neffens
him?
371p
Wat is de kearnsin fan alinea 10?
A “Ik haw... projekt wie.” (r. 128-129)
B “Wat nijs... net mear.” (r. 129-131)
C “Dêr komt... skriuwe sil.” (r. 131-133)
D “Oer de... wat dwaan.” (r. 134-135)
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.