bronnen

Eindexamen fries vwo 2026, tijdvak 1

bij dit examen

Let op! Antwoorden op open vragen mogen in het Fries of in het
Nederlands gegeven worden. Citeervragen moeten in het Fries
beantwoord worden.

opgave 1Tekst 1 In planolooch dy’t keunst as rêder sjocht

11p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A De ynlieding formulearret in gearfetting.
B De ynlieding formulearret in probleem.
C De ynlieding yntrodusearret Zef Hemel.
D De ynlieding jout in ûnderbouwing fan de titel.
Yn alinea 1 wurdt sein dat it plattelân no it atelier fan Zef Hemel is.
21p
Wêrom makket de skriuwer dêr gebrûk fan it wurd ‘atelier’?
“‘Keunstners dogge it. Sy binne de iennigen dy’t ús it paad wize kinne.’”
(r. 23)
31p
Hoe ferhâlde de boppesteande sinnen harren ta alinea 5?
A Alinea 5 jout in ferklearring by wat yn alinea 4 sein is.
B Alinea 5 jout in foarbyld by wat yn alinea 4 sein is.
C Alinea 5 jout in konklúzje fan wat yn alinea 4 sein is.
D Alinea 5 jout in útwurking fan wat yn alinea 4 sein is.
Yn alinea 6 giet it oer in “ûnortodokse ynklaaiïng”. (r. 38) Earder yn de
tekst waard itselde sein yn oare wurden.
41p
Sitearje dat sinpart.
Yn alinea 9 boartet de skriuwer mei de tematyk fan kuierjen.
51p
Sitearje it sinpart dêr’t dat út bliken docht.
“‘Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.’” (r. 70)
61p
Nei hokker projekt dat oanhelle wurdt yn de tekst ferwiist dat?
Lis dyn antwurd út.
71p
Hokker sin út alinea 11 jout it boadskip fan Zef Hemel it bêste wer?
A “It is in yllúzje om te tinken dat der in duorsume takomst mooglik is
sûnder dat minsken kontakt mei it lânskip hawwe, warskôget er.”
(r. 71 en 72)
B “Mei technologyske foarútgong en beloften fan de sirkulêre ekonomy
is men der net.” (r. 72-74)
C “It Noarden is yn syn eagen net holpen mei mear sneldiken, yndustry
en huzen.” (r. 74 en 75)
D “De romte dy’t der no noch is, beskôget er as hiel kostber: ‘It is gjin
romte om te foljen.’” (r. 77 en 78)
“‘As men de feroaringen yn it lânskip sjocht, dan benearet it jin.’”
(r. 6 en 7)
81p
Nei hokker feroaringen ferwiist Zef Hemel hjir?
92p
Neam de ferskillen tusken it swalkjen fan Vincent van Gogh en it swalkjen
fan Zef Hemel.
102p
Hokker projekten hawwe ynspiraasjeboarnen west foar Zef Hemel neffens
de tekst?
111p
Sitearje de sinnen dêr’t út bliken docht dat Vincent van Gogh in foarbyld
west hat foar Zef Hemel.
121p
Yn hokker alinea wurdt de “ûnortodokse ynklaaiïng” (r. 38) fan Zef Hemel
fan it fak planolooch útlein?
131p
Hokker sin fettet de kearn fan it advys fan Zef Hemel it bêste gear?
A “‘Dêrom sis ik: gean te rinnen!’” (r. 14)
B “Keunst en kultuer helpe om feroaringen mooglik te meitsjen, stelt Zef
Hemel.” (r. 15 en 16)
C “Troch it kontakt mei it lânskip werom te bringen is der in feroaring yn
gong te setten, tinkt er.” (r. 48-50)
D “‘Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.’” (r. 70)
141p
Wat is it wichtichste doel fan Zef Hemel?
A ferdivedearje en ynformearje
B ynformearje en oantrune
C oantrune en oertsjûgje
D oertsjûgje en ferdivedearje
151p
Wat is it wichtichtste doel fan de skriuwer?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje

opgave 2Tekst 2 Keunst mei keunstwurken

Ynliedende sinnen boppe in tekst kinne ûnder mear de folgjende funksjes
hawwe:
I de ferklearring fan de titel
II de formulearring fan de probleemstelling
III de formulearring fan in karakterisearring
IV de formulearring fan in oardiel
V in gearfetting fan de tekst foarôf
161p
Hokker funksjes passe by de ynliedende sinnen boppe de tekst?
A I, II en III
B I, II en V
C I, III en IV
D II, III en IV
E II, IV en V
F III, IV en V
De ynlieding boppe de tekst is op te dielen yn twa parten, nammentlik “In
giseljende … iepenbiere romte.” en “En dochs … en hichtepunten.”
171p
Wat is it ferbân tusken dy twa parten?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in redenjaand ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
“De Ofslútdyk is as in lange nâlestring tusken Fryslân en Hollân”. (r. 1)
181p
Hokker byldspraak wurdt dêr brûkt?
A ferliking
B metafoar
C metonymia
D personifikaasje
192p
Om hokker redenen wurdt der yn de Ofslútdyk ynvestearre?
“‘Dat is echt hiel bysûnder, want it stiet heaksk op wat de minske eins
wol.’” (r. 22 en 23)
202p
Lis de tsjinstelling út dêr’t Bruno Doedens op doelt.
“Soks docht jin de skilen fan de eagen fallen.” (r. 42 en 43)
211p
Lis yn eigen wurden út wat de skriuwer mei dat stylfiguer sizze wol.
221p
Wêrom makket de fiskmigraasjerivier de “fisken bliid”? (r. 48)
“de omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’.” (r. 53)
231p
Lis út hoe’t de omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’ sichtber is by
De Nije Ofslútdyk.
241p
Hokker stylfiguer brûkt de skriuwer yn de sin “Safolle ljocht … te stean.”?
(r. 58 en 59)
A eufemisme
B hyperboal
C sarkasme
D wurdboarterij
251p
Hokker stylfiguer wurdt twa kear brûkt yn de sin “Dêrnei is de nacht wer
tsjuster mei inkeld strieljende stjerren, de moanne en fierderop de
toplampen fan wynmolen.”? (r. 63-65)
“Op de ikoanyske Ofslútdyk ûntstiet ynienen in futuristysk lânskip.”
(r. 78 en 79)
261p
Wêrom makket de skriuwer hjir gebrûk fan it wurd ‘futuristysk’?
271p
Hokker ferbân stiet yn de earste sin fan alinea 17?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
281p
Lis yn eigen wurden út wat de skriuwer bedoelt mei ‘ekologyske
wreedheden’. (r. 133)
292p
Beskriuw de tsjinoerstelde fyzje by it meitsjen fan De Steenzetter en De
Blije Vis.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 30 en 31.
Oan de tekst kinst de folgjende tuskenkopkes tafoegje: ‘gat’, ‘wolkom’,
‘ljocht’, ‘earbetoan’, ‘symbioseen’.
301p
Boppe hokker alinea’s kinst it tuskenkopke ‘ljocht’ pleatse?
311p
Boppe hokker alinea‘s kinst it tuskenkopke ‘earbetoan’ pleatse?
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
321p
Jou de ferklearring fan de titel fan de tekst yn eigen wurden wer.
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan:
1. feiten
2. syn eigen miening
3. mieningen fan oaren
331p
Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst gebrûk fan makke?
A fan 1 en 2
B fan 1 en 3
C fan 2 en 3
D fan 1, 2 en 3
341p
Wat foar tekstsoarte is ‘Keunst mei keunstwurken’?
A It is in redenearring.
B It is in skôging.
C It is in útiensetting.
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift.