bronnen

Eindexamen fries havo 2018, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Falt der noch wat te laitsjen yn Fryslân?

11p
Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?
A Alinea 1 jout de oanlieding foar de tekst.
B Alinea 1 jout de probleemstelling.
C Alinea 1 jout in gearfetting fan de tekst.
D Alinea 1 jout in konklúzje foarôf.
Yn alinea 2 neamt de skriuwster inkelde kabaretiers.
21p
Hokker ferliking wol sy hjirby mear yn it algemien meitsje?
in ferliking tusken
A kabaretiers dy’t al lang yn Fryslân wurkje en kabaretiers dy’t noch mar
koart yn Fryslân wurkje
B kabaretiers dy’t Frysktalige shows meitsje en kabaretiers dy’t
Nederlânsktalige shows dogge
C kabaretiers dy’t yn Fryslân berne binne en kabaretiers dy’t bûten
Fryslân berne binne
D kabaretiers dy’t yn Fryslân bleaune en kabaretiers dy’t nei de
Rânestêd ta giene
Yn de Rânestêd stiet de widze fan de Nederlânske stand-upcomedy
(r. 24-26).
31p
Lis yn eigen wurden út wat bedoeld wurdt mei dy útdrukking.
42p
Op hokker manieren brûkt Jacob Spoelstra syn Fryske achtergrûn yn syn
shows?
51p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 3 en 4?
A Alinea 4 beskriuwt in oarsaak.
B Alinea 4 is in nuansearring.
C Alinea 4 jout in oanfolling.
D Alinea 4 makket in ferliking.
61p
Sitearje de sin út alinea 5 dy’t ferklearret dat stand-upcomedy minder
populêr is yn Fryslân as yn de Rânestêd.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 7 en 8.
Yn alinea 7 konstatearret Jörgen Scholtens in trend yn it brûken fan taal.
71p
Wat is dy trend?
81p
Foldocht Jörgen Scholtens deroan?
Lis dyn antwurd út.
91p
Wat wurdt bedoeld mei it wurd ‘dy’ yn r. 129?
“‘Ik sjoch it wol as opstapke’” (r. 130-131)
101p
Wat bedoelt Douwe Gerlof Heeringa mei dizze útspraak?
Hy tinkt dat syn Frysktalige foarstelling
A as hy dy oerset ek yn de rest fan Nederlân oanslaan kin.
B fierder útwurke wurde moat om jûnfoljend te wurden.
C kwalitatyf krekt noch net goed genôch is.
D op termyn ek bûten Fryslân in súkses wêze sil.
112p
By wa fan de trije kabaretiers dy’t beskreaun wurde yn de tekst past de
sin “Optrede yn … fernim ik.” (r. 112-114) ynhâldlik it bêst?
Motivearje dyn antwurd.
De titel fan de tekst is ‘Falt der noch wat te laitsjen yn Fryslân?’
121p
Ferklearje de titel.
131p
Wat is it wichtichste doel fan dizze tekst?
A beärgumintearje wêrom’t it Frysk kabaret útstjerre sil
B grappige anekdoaten oer Fryske kabaretiers fertelle
C in byld sketse fan de hjoeddeiske Fryske kabaretwrâld
D lêzers oerhelje faker nei Frysk kabararet ta te gean

opgave 2Tekst 2 Fryslân yn in modern jaske

“Wurket Fryslân as in neidiel?” (r. 1)
141p
Wat is de funksje fan dizze fraach?
De fraach wurdt brûkt
A om in konklúzje foarôf te jaan.
B om in probleem te yntrodusearjen.
C om in stânpunt te formulearjen.
D om in tal feiten yn it omtinken te bringen.
“Harren katedralen steane hjir en dêr ferspraat op in grutte griene tekken
fan gers sûnder blommen en ek meastentiids sûnder kij.” (r. 36-39)
151p
Wat is dêr de oarsaak fan neffens alinea 3?
De volgende inleiding hoort bij de vragen 16 en 17.
Yn de alinea’s 3 en 4 giet de skriuwer yn op inkelde ûntjouwingen (fan de
ôfrûne iuw) yn de melkfeesektor, nammentlik:
1 de skaalfergrutting yn de lânbou
2 it lytsere ekonomyske belang (fan de agraryske sektor yn Fryslân)
Hy set foar elke ûntjouwing in opmerking oer.
161p
Hokker soarte fan opmerking makket de skriuwer by de earste
ûntjouwing?
A It is in behindering.
B It is in gefolch.
C It is in útlis.
171p
Hokker soarte fan opmerking makket de skriuwer by de twadde
ûntjouwing?
A It is in befêstiging.
B It is in beswier.
C It is in nuansearring.
181p
Hoe slút de earste sin fan alinea 5 oan op alinea 4?
De skriuwer jout oan dat der in ûntjouwing is dy’t
A de betsjutting fan de namme Friesland lytser makket.
B de ekonomyske wearde fan de namme Friesland beynfloedet.
C de namme Friesland yn it bûtenlân noch bekender makket.
D de sterke kanten fan de namme Friesland behâldt.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 19 en 20.
Sjoerd Galema en John Fentener van Vlissingen jouwe yn de alinea’s 5
oant en mei 7 harren miening oer it merk Fryslân.
191p
Wat kin neffens Fentener van Vlissingen in neidiel wêze fan it merk
Fryslân?
A dat Fryske ûndernimmers gjin klanten fine kinne bûten Fryslân
B dat Fryske ûndernimmers te min rjochte binne op de Rânestêd
C dat Fryske ûndernimmers tefolle de klam lizze op it apart-wêzen
202p
Oer hokker punt is Sjoerd Galema it iens mei John Fentener van
Vlissingen en oer hokker punt net?
Yn alinea 7 wurdt in negative ûntjouwing neamd en yn alinea 8 in
positiven.
212p
Neam beide ûntjouwingen.
221p
Wat stelt Cor Hospes yn alinea 9?
A It Frysk imago soe gjin folkoare mear befetsje moatte.
B It toeristysk en saaklik imago moatte aparte ienheden wurde.
C It ûndernimmerskip foarmet de kearn fan it saaklik imago.
D It útgongspunt fan it toeristysk imago moat fakmanskip wêze.
231p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 9 en 10?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in redenjouwend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
241p
Hoe sjocht de nije koerts fan Tichelaar, produsint fan Makkumer
ierdewurk, derút?
A Tichelaar rjochtet him mear op it spesjale ambacht fan
keramykmeitsjen.
B Tichelaar rjochtet him no op bysûndere en takomstbestindige
ûntwerpen.
C Tichelaar rjochtet him op de âlde Makkumer tradysjes.
D Tichelaar rjochtet him op gruttere projekten mei bekende arsjitekten.
“‘It falt … benut wurdt.’” (r. 146-148)
251p
Hoe besiket Cor Hospes sels it Fryslângefoel út te dragen?
261p
Wat is it karakter fan alinea 13?
A It is in advys mei dêrnei in konklúzje.
B It is in advys mei dêrnei in winsk.
C It is in winsk mei dêrnei in advys.
D It is in winsk mei dêrnei in konklúzje.
271p
Wat is de haadgedachte fan de tekst?
A Fryske bedriuwen moatte modernisearje en de grinzen oer.
B Fryske bedriuwen moatte modernisearje en it Fryskeigene útfergrutsje.
C Fryske bedriuwen moatte modernisearje en tagelyk it Fryskeigene in
bytsje bewarje.
D Fryske bedriuwen moatte modernisearje om oan te sluten by de
globalisearring.

opgave 3Tekst 3 Tútsje

281p
Wat wie de oanlieding ta it skriuwen fan dizze tekst?
A De skriuwer hie in nijsgjirrich artikeltsje sjoen op ynternet.
B De skriuwer wie dwaande mei in etymologysk ûndersyk.
C De skriuwer woe in fraach fan in lêzer beäntwurdzje.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 29 en 30.
“‘Op bêd… pake lêsten.’” (r. 23-25)
291p
Wat wie it doel fan de dichter fan dit rymke?
Hy brûkte it rymke om
A de lêzer earne op te wizen.
B de neamde feiten te stypjen.
C in grapke te meitsjen.
D in situaasje te beskriuwen.
301p
Wêrom hellet de skriuwer fan de tekst ‘Tútsje’ krekt dit rymke oan?
311p
Wat docht de skriuwer yn alinea 3?
A Hy jout oanfoljende ynformaasje oer de skiednis fan it wurd ‘tútsje’.
B Hy neamt ynformaasje dy’t neffens him fierder net goed brûkber is.
C Hy stelt dat it net de muoite wurdich is om nei ynformaasje te sykjen.
D Hy warskôget de lêzer foar ynformaasjeboarnen út de 19de iuw.
321p
Lis yn eigen wurden út wat bedoeld wurdt mei it prinsipe fan Von
Humboldt.
331p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 5 en 6?
De beskriuwing dy’t de skriuwer yn alinea 6 jout,
A is in gefolch fan wat er yn alinea 5 ferteld hat.
B is in nuansearring fan wat er yn alinea 5 ferteld hat.
C is in oanfolling op wat er yn alinea 5 ferteld hat.
D is in útlis fan wat er yn alinea 5 ferteld hat.
Yn dizze tekst komme neist it wurd ‘tútsje’ noch trije Fryske wurden foar
mei deselde betsjutting.
341p
Neam dy trije wurden.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 35 en 36.
De tekst giet oer twa saken dy’t mei it wurd ‘tútsje’ te krijen hawwe:
1 wêrom’t it Frysk gjin etymologyske wjergader hat fan bygelyks ‘kussen’
2 hoe âld oft it wurd ‘tútsje’ is
351p
Yn hokker alinea begjint de skriuwer mei syn antwurd op de fraach oer de
etymologyske wjergaders?
A yn alinea 3
B yn alinea 4
C yn alinea 5
De skriuwer makket oer ien fan de ûnderwerpen inkelde kearen in
opmerking dêr’t út bliken docht dat er der net wis oer is.
362p
Hokker ûnderwerp is dat en hoe komt it dat er net wis oer ien fan dy beide
ûnderwerpen is?
371p
Wat binne de wichtichste skriuwdoelen fan dizze tekst?
A ferdivedearje en oantrune
B ynformearje en ferdivedearje
C ynformearje en oantrune
D ynformearje en oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.