bronnen

Eindexamen fries havo 2019, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 Jaan en krije, hoe dochst dat?

11p
Hokker funksje hawwe de trije ynliedende sinnen?
A Se formulearje de gearfetting.
B Se formulearje de probleemstelling.
C Se formulearje in anekdoate.
D Se formulearje in konklúzje.
“Ast de skiednis fan it geskink op papier sette soest, wêr soe dy dan
begjinne moatte?” (r. 1-3)
21p
Wurdt yn dizze alinea antwurd jûn op dizze fraach?
Lis dyn antwurd út.
32p
Hokker twa aspekten dy’t de sosjale relaasje oanbelangje, meitsje it
útsykjen fan in geskikt kado sa dreech?
Helje dyn antwurd út alinea 2.
Yn alinea 2 yntrodusearret filosoof Henk Oosterling it begryp ‘treast-
keapjen’.
41p
Wêrfoar wurdt neffens him troch de oanbelangjende keapers treast socht?
51p
Wat is it ferbân tusken alinea 2 en “Ik leau... protte foar.” (r. 38-44)?
A It is in oarsaaklik ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
Filosoof Henk Oosterling stelt dat folslein ûnbaatsuchtich skinken net in
protte foarkomt.
62p
Helje út de alinea’s 2 en 3 twa saken dy’t minsken werom ferwachtsje.
72p
Neam it dilemma op basis dêr’t Henk Oosterling fan stelt dat ús moderne
konsumpsjemaatskippij op ’e nij útfûn wurde moat.
Helje dyn antwurd út alinea 3.
Yn alinea 4 wurdt oanjûn wat manlju en froulju neffens in ûndersyk fan
televyzjeprogramma ‘Kassa’ it leafst kado krije.
81p
Hokker konklúzje kinst lûke oer manlju en froulju?
A Manlju krije it leafst de nijste gadgets, froulu wolle nuttige geskinken.
B Manlju krije it leafst nuttige kado’s, froulju wolle kado’s foar
ferdivedaasje.
C Manlju likegoed as froulju krije it leafst geskinken dy’t nuttich binne.
D Manlju likegoed as froulju wurde bliid fan kado’s foar ferdivedaasje.
91p
Watfoar argumint brûkt Ireen van Ditshuyzen yn alinea 7 by it ôfrieden fan
it jaan fan klean en keunst?
A Sy brûkt in autoriteitsargumint.
B Sy brûkt in emosjoneel argumint.
C Sy brûkt in ferlykjend argumint.
D Sy brûkt in moreel argumint.
Yn alinea 7 neamt Ireen van Ditshuyzen twa risiko’s by it jaan fan kado’s.
102p
Neam de twa risiko’s.
111p
Omskriuw wat bedoeld wurdt mei ‘it’ yn rigel 117.
121p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 7 en 8?
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in oarsaaklik ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 13 en 14.
“‘Dat hiest no net dwaan moatten’”. (r. 119-120)
131p
Op hokker fan de trije yn alinea 6 neamde jouwers liket in ûntfanger dy’t
dizze útspraak docht it meast?
A de ‘egojouwer’
B de ‘ekskúsjouwer’
C de ‘ik-bin-der-net-jouwer’
141p
Sitearje it sinpart út it ferfolch fan de tekst dat oanjout wêrom’t men dat as
ûntfanger net sizze moat.
152p
Neam út alinea 10 fjouwer wurden dy’t beskriuwe hokker hâlding in
ûntfanger neffens Van Ditshuyzen it bêste oannimme kin by it útpakken
fan in kado.
161p
Wêrom neamt Ireen van Ditshuyzen Sinteklaas in prachtige Nederlânske
tradysje (r. 155-156)?
Omdat mei Sinteklaas
A âlden en bern tegearre wurkje oan in moai kado en gedicht.
B fia de gedichten gefoelens by it jaan fan in kado utere wurde kinne.
C minsken motivearre wurde om in echt passend kado út te sykjen.
D sichtber wurdt dat krekt lytse presintsjes tige wurdearre wurde.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 17 en 18.
Yn alinea 12 wurdt de kadoboks foar bernejierdeis útlein.
171p
Jou it grutte foardiel fan sa’n kadoboks dat neamd wurdt yn dy alinea.
182p
Neam twa neidielen fan sa’n kadoboks dy’t neamd wurde yn dy alinea.
Van Ditshuyzen fynt it neidiel fan it jaan fan jildpresintsjes dat it te maklik
en ûnpersoanlik is (r. 218-219).
191p
Hokker neidiel fan in slúf mei ynhâld wurdt noch mear yn dyselde alinea
beskreaun?
201p
Hokker bewearing past it bêste by alinea 15?
A De alinea befettet in advys.
B De alinea befettet in gearfetting.
C De alinea befettet in konklúzje.
D De alinea befettet in warskôging.
In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 mieningen fan oaren
211p
Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst benammen gebrûk fan makke?
A fan 1 en 2
B fan 1 en 3
C fan 2 en 3

opgave 2Tekst 2 Europa sliept te min

221p
Sitearje twa sinnen út alinea 1 dêr’t in konklúzje yn foarkomt.
231p
Wat is it ferbân tusken “Wy bringe … dimme is.” (r. 13-15) en it ferfolch
fan alinea 2?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in redenjouwend/oarsaaklik ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
241p
Hokker wurd yn alinea 2 stiet gelyk oan “natoerlik ljocht” (r. 12)?
251p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 2 en 3?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in oanfoljend ferbân.
D it is in útlizzend ferbân.
262p
Hokker twa ferbetteringen yn it ramt fan sliepproblemen dogge harren
krekt yn de fakânsje foar?
271p
Wat bedoelt Kantermann mei de “sosjale jetlag” (r. 45-46)?
A De tiid fan sliepen slút net goed oan by de tiid dat men aktyf wêze
moat.
B In tekoart oan sliep liedt ta minder goed funksjonearjen op it wurk.
C Minsken hawwe troch harren tiidsyndieling minder kontakten mei-
inoar.
281p
Wat is it grutste foardiel fan minsken op it plattelân foar minsken út de
stêd oer?
“Teeners moatte … skoalle ta.” (r. 71-73)
291p
Hokker term dy’t Kantermann op in oar plak yn de tekst brûkt is hjir
tapaslik?
“Kantermann wol … wurde kin.” (r. 92-96)
301p
Op watfoar effekt hopet Kantermann by dat ûndersyk?
A dat minsken dêrtroch earder slûch wurde
B dat minsken dêrtroch hurder wurkje kinne
C dat minsken dêrtroch minder gau lêst fan de eagen hawwe
D dat minsken harren dêrtroch langer konsintrearje kinne
“‘Sliepe stiet gelyk oan net-ljocht’” (r. 97)
311p
Wat wol Kantermann mei dizze stelling sizze?
A Minsken kinne keunstljocht better ferdrage as se goed sliepe.
B Minsken kinne maklik sliepe yn in tsjustere romte.
C Minsken soenen (al) sliepe moatte wannear’t it bûten tsjuster is.
Yn it tekstpart alinea 2 oant en mei alinea 5 neamt Kantermann trije
soarten fan tsjinstellingen dy’t fan ynfloed binne op it sliepgedrach.
322p
Neam dy trije tsjinstellingen.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 33 tot en met 35.
Kantermann jout ûnder mear as advys om nei jins ynterne klok te harkjen
om gjin sliepproblemen te krijen (r. 98-100).
331p
Yn hokker alinea út it foargeande tekstpart is dêrfan al in foarbyld mei in
posityf effekt jûn?
A yn alinea 3
B yn alinea 4
C yn alinea 5
D yn alinea 6
342p
Hokker twa faktoaren dy’t it goed funksjonearjen fan de ynterne klok
beheine kinne, wurde neamd yn de tekst?
Helje dyn antwurd út de alinea’s 4 oant en mei 6.
351p
Hokker advys jout Kantermann noch mear? Helje dyn antwurd út de
alinea’s 8 oant en mei 11.
Yn alinea 12 wurdt praat oer in tekoart oan sliep.
361p
Yn hokker twa eardere alinea’s wurde negative gefolgen fan in tekoart
oan sliep beskreaun?
A yn de alinea’s 3 en 5
B yn de alinea’s 4 en 5
C yn de alinea’s 4 en 6
D yn de alinea’s 5 en 6
371p
Wannear hast gjin tekoart oan sliep neffens Kantermann?
Brûk net mear as 10 wurden.
381p
Hokker skriuwdoel hat de skriuwer benammen mei dizze tekst?
A ynformearje
B oantrune
C oertsjûgje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.