bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2021, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 It Fryslân fan eartiids

11p
Wat is de funksje fan de ynlieding?
A De skriuwer yntrodusearret greidefûgelkoördinator Harry Wijbrands.
B De skriuwer jout syn miening oer de situaasje yn de greiden.
C De skriuwer leit út hoe’t it eartiids yn de greiden om en ta gie.
D De skriuwer sketst in byld fan in Fryslân sûnder greidefûgels.
21p
Yn alinea 1 jout Harry Wijbrands in útlis oer it wurk yn de Warkumer-
waard.
Hokker sin befettet de reden dat dat wurk dien wurdt?
A “‘De wetterpeilen bringe wy fan desimber ôf omheech, sadat it lân
fochtiger wurdt.’” (rigels 3-5)
B “Moaie wiete omstannichheden binne fan wêzentlik belang om te
oerlibjen.” (rigels 16-18)
C “De maatregels binne nedich.” (rigels 18-19)
D “‘Yn ús gebieten bliuwt de greidefûgelstân gelokkich noch aardich
stabyl.’” (rigels 19-21)
31p
Wêrtroch soarget in heger wetterpeil foar mear fretten foar de fûgels?
Helje dyn antwurd út alinea 1.
41p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 1 en 2?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in konkludearjend ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
51p
“‘Ik kin my Fryslân net foarstelle sûnder dy maitiidsmuzyk.’” (rigels 37-39)
Sitearje it sinpart dat dy maitiidsmuzyk omskriuwt.
62p
Harry Wijbrands seit: “De skries fielt as myn fûgel. Dêr moat ik op passe.”
(rigels 39-40)
Neam twa maatregels dy’t nommen binne om de skries te beskermjen.
Helje dyn antwurd út alinea 3.
71p
Wat is it ferbân tusken de alinea’s 3 en 4?
Yn alinea 3 wurde maatregels neamd dy’t It Fryske Gea pland hat en yn
alinea 4
A wurdt útlein wat de maatregels oant no ta opsmiten hawwe.
B wurdt útlein wêrom’t fierdere maatregels nedich binne.
C wurdt útlein wêrom’t foar de maatregels crowdfunding nedich is.
D wurdt útlein wêrom’t troch de maatregels it lânskip yn koarte tiid
feroare is.
81p
“‘As der gjin jonge oanwaaks is, dan komt de sloai deryn.’” (rigels 72-74)
Wat wurdt dermei bedoeld as de sloai deryn komt, neffens Harry
Wijbrands?
91p
Hokker sin fettet de kearn fan alinea 5 it bêste gear?
A Harry Wijbrands ferliket de situaasje fan no mei de situaasje doe’t er
jong wie.
B Harry Wijbrands fertelt oan ’e hân fan in tebeksjen wêrom’t syn wurk
sa wichtich is.
C Harry Wijbrands jout in advys oer hoe’t de kleuren weromkomme kinne
yn it fjild.
D Harry Wijbrands leit út wat der yn it lânskip feroare is troch de jierren
hinne.
101p
Hokker beswier hat Harry Wijbrands tsjin de hjoeddeiske wize fan
buorkjen?
Helje dyn antwurd út alinea 6.
111p
Wat binne de doelen fan de skriuwer mei dizze tekst?
A ferdivedearje en ynformearje
B ferdivedearje en oantrune
C oertsjûgje en ynformearje
D oertsjûgje en oantrune

opgave 2Tekst 2 Fersierde feestweinen as kultureel erfgoed yn

Noardeast-Fryslân
121p
Hoe wurdt Aant Jelle Soepboer yntrodusearre yn alinea 1?
A as immen dy’t de jongerein helpt by it fersieren fan feestweinen
B as immen dy’t hâldt fan doarpsoptochten mei feestweinen
C as immen dy’t opkomt foar de tradysje fan feestweinen
D as immen dy’t spesjalisearre is yn kunde oer feestweinen
131p
Yn alinea 1 neamt de skriuwer in probleem en seit dêrnei: “Underwilens is
de loft klearre”. (rigel 15)
Wat bedoelt er mei dy útspraak?
Brûk foar dyn antwurd net mear as 10 wurden.
141p
Neffens Aant Jelle Soepboer soarget sosjale koheezje derfoar dat de
jongerein yn Nijewier bliuwt te wenjen. (rigels 34-38)
Wat is yn syn eagen in reden dat de jongerein fuortgean kinne soe?
A Der binne yn Nijewier net folle foarsjenningen.
B Der is yn Nijewier net folle wurkgelegenheid.
C Der is mear sosjale koheezje yn de doarpen om Nijewier hinne.
D Der wennet mear jongerein yn de doarpen om Nijewier hinne.
151p
Hokker ferbân is der tusken it tekstpart “‘Kultureel erfgoed … as fertier.”
(rigels 18-23) en de sin “Mar der … gedachte efter”? (rigels 23-24)
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
161p
Wat is de haadgedachte fan alinea 2?
A De feestweinen soargje foar bining.
B De fersierde weinen binne kultureel erfgoed.
C Der binne foaroardielen oer it gedrach fan de jongerein.
D Elkenien docht mei oan it bouwen fan de feestweinen.
171p
Wat wol Aant Jelle Soepboer oantoane yn alinea 3?
A dat de jongerein syn eigen kreaasjes bout
B dat der al hiel lang in tradysje bestiet om feestweinen te bouwen
C dat froulju ek meidogge oan de tradysje fan feestweinen
D dat net allinne yn Nijewier feestweinen boud wurde
181p
Wat wie neffens Aant Jelle Soepboer in bedriging foar de feestweinen fan
de jongerein?
Helje dyn antwurd út alinea 4.
191p
“Feiligens foar alles!” (rigel 117)
Hoe fiert de jongerein dat by it weinbouwen neffens de tekst út?
De jongerein soarget derfoar dat
A de weinen in goede konstruksje hawwe.
B der by it bouwen gjin ûngelokken barre.
C der in goede lûdsynstallaasje op de trekker sit.
201p
Wat is neffens alinea 6 de wichtichste motivaasje foar de jongerein om in
wein te bouwen?
A it behâlden fan de tradysje fan weinbouwen
B it gearwurkjen oan it bouwen fan de wein
C it yn oare doarpen pronkjen mei de wein
211p
Wat is it wichtichste doel fan de skriuwer mei dizze tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje
221p
Wat is it wichtichste doel fan Aant Jelle Soepboer yn dizze tekst?
A ferdivedearje
B ynformearje
C oantrune
D oertsjûgje
231p
In skriuwer kin by it skriuwen fan in tekst gebrûk meitsje fan
1 feiten
2 syn eigen miening
3 oarmans mieningen
Wêr is yn dizze tekst gebrûk fan makke?
A 1 en 2
B 1 en 3
C 2 en 3
D 1, 2 en 3

opgave 3Tekst 3 Skriuwe is de reis oangean

opgave als beeld van het examen
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst? A De ynlieding is in anekdoate oer de haadpersoan. B De ynlieding is in gearfetting fan de tekst. C De ynlieding is in yntroduksje fan de haadpersoan. D De ynlieding is in konklúzje fan de tekst.
Wêrom hie Tsead Bruinja nea neitocht oer in glânzgjende karriêre as dichter? A omdat er it idee hie dat syn gedichten net goed genôch wiene B omdat er miende dat dichters net fan harren wurk libje kinne C omdat er wat somber wie en net mei de takomst dwaande wie
Wêrom skriuwt Tsead Bruinja poëzy yn stee fan popsongs? A omdat er it skriuwen fan poëzy úteinlik nijsgjirriger fûn as it skriuwen fan popsongs B omdat er mei it skriuwen fan poëzy bekender waard as mei it skriuwen fan popsongs C omdat it skriuwen fan poëzy him mear lei as it skriuwen fan popsongs
“‘Dat wie belangryk, dêr bin ik in bettere dichter troch wurden.’” (rigels 36-38) Wêr ferwiist it wurd ‘dêr’ nei? A it ynruiljen fan it lngelsk foar it Nederlânsk B it ynruiljen fan lietteksten foar poëzy C it organisearjen fan it festival D it skriuwen fan Fryske gedichten
Tsead Bruinja fynt syn Fryske gedichten better as syn Nederlânske gedichten. • Helje dêr twa arguminten foar út alinea 3.
opgave als beeld van het examen
“Mar dat soe gau feroarje.” (rigels 49-50) Wêr doelt de skriuwer op mei dy opmerking, ast sjochst nei it ferfolch fan alinea 4? A op Tsead syn beslút om it dichterskip profesjoneler oan te pakken B op Tsead syn manier om mear lês- en skriuwtiid te kreëarjen C op Tsead syn nij baantsje by útjouwer…

“Mar dat soe gau feroarje.” (rigels 49-50) Wêr doelt de skriuwer op mei dy opmerking, ast sjochst nei it ferfolch fan alinea 4? A op Tsead syn beslút om it dichterskip profesjoneler oan te pakken B op Tsead syn manier om mear lês- en skriuwtiid te kreëarjen C op Tsead syn nij baantsje by útjouwer Wolters-Noordhoff

Tsead Bruinja wurdt ek wol ‘kultureel ûndernimmer’ neamd. (rigels 71-74) • Mei wat wurd beskriuwt Tsead himsels op inselde wize?
Tsead Bruinja ken himsels werom yn de útspraak “‘Syn hannel is poëzy’” (rigels 74-75). Hoe leit er dat yn it ferfolch fan alinea 5 út? A Hy ferklearret dat er syn brea fertsjinje wol mei it skriuwen fan gedichten. B Hy fertelt dat er aktiviteiten opset hat om syn gedichten oan ’e man te bringen. C…

Tsead Bruinja ken himsels werom yn de útspraak “‘Syn hannel is poëzy’” (rigels 74-75). Hoe leit er dat yn it ferfolch fan alinea 5 út? A Hy ferklearret dat er syn brea fertsjinje wol mei it skriuwen fan gedichten. B Hy fertelt dat er aktiviteiten opset hat om syn gedichten oan ’e man te bringen. C Hy merkt op dat er mei syn gedichten in hieltyd grutter publyk berikt.

Wêrom makket de skriuwer yn alinea 6 de fergeliking mei muzikanten? omdat muzikanten ek A hieltyd ôfwachtsje moatte oft harren produkten bestsellers wurde B in protte tiid kwyt binne oan de marketing fan harren produkten C net mear genôch jild fertsjinje kinne oan harren produkten
Tsead Bruinja hat in bestseller skreaun mei ien fan syn dichtbondels. Ut hokker barren docht dat benammen bliken? A Der kaam al gau in twadde útjefte fan de dichtbondel. B Hy waard frege om les te jaan oan in kreative oplieding. C Tsead krige in wurkbeurs fan it Nederlands Letterenfonds.
Neffens Tsead Bruinja moat men as dichter altyd ‘ja’ sizze as men earne foar frege wurdt (rigels 116-118). Wêrom? omdat in dichter op dy manier A derfoar soargje kin dat er bekend is by mooglike opdrachtjouwers B dúdlik meitsje kin dat er altyd beskikber is foar nije opdrachten C oantoane kin dat…

Neffens Tsead Bruinja moat men as dichter altyd ‘ja’ sizze as men earne foar frege wurdt (rigels 116-118). Wêrom? omdat in dichter op dy manier A derfoar soargje kin dat er bekend is by mooglike opdrachtjouwers B dúdlik meitsje kin dat er altyd beskikber is foar nije opdrachten C oantoane kin dat er syn siel en sillichheid yn it wurk leit D sjen litte kin dat it dichterskip gjin elitêre beuzichheid is

“Tsead Bruinja is him dêr bewust fan.” (rigels 134-135) Wêr is er him bewust fan? A dat hy as profesjoneel dichter in baan mei in protte ûnwissens hat B dat hy net folle feroare is yn fergeliking mei de jierren njoggentich C dat hy noch hieltyd wat depressyf is, lykas yn syn jeugd
opgave als beeld van het examen
Hokker konklúzje oer Tsead Bruinja syn bestean as dichter past it bêste nei it lêzen fan de tekst? A Hy kin net rûnkomme fan syn poëzy, ek al organisearret hy dêromhinne allegearre saken. B Hy kin rûnkomme fan allinne syn poëzy, hy hoecht gjin saken dêromhinne te organisearjen. C Hy kin rûnkomme…

Hokker konklúzje oer Tsead Bruinja syn bestean as dichter past it bêste nei it lêzen fan de tekst? A Hy kin net rûnkomme fan syn poëzy, ek al organisearret hy dêromhinne allegearre saken. B Hy kin rûnkomme fan allinne syn poëzy, hy hoecht gjin saken dêromhinne te organisearjen. C Hy kin rûnkomme fan syn poëzy, as er dêromhinne mar allegearre saken organisearret. De volgende inleiding hoort bij de vragen 37 en 38. De tekst is te ferdielen yn trije parten: Part 1: Begjintiid Part 2: Trochbrekke as dichter Part 3: Libje fan ’e poëzy

By hokker alinea begjint part 2?
By hokker alinea begjint part 3?
Yn it skema hjirûnder stean inkelde mooglike aktiviteiten om publyk te berikken. • Jou yn it skema oan hokker aktiviteiten oft Tsead Bruinja neffens de tekst wol of net ûndernommen hat. aktiviteit de eveneminten eigen kommunikaasjeteksten organisearje skriuwe flochs meitsje oer it dichterskip it…

Yn it skema hjirûnder stean inkelde mooglike aktiviteiten om publyk te berikken. • Jou yn it skema oan hokker aktiviteiten oft Tsead Bruinja neffens de tekst wol of net ûndernommen hat. aktiviteit de eveneminten eigen kommunikaasjeteksten organisearje skriuwe flochs meitsje oer it dichterskip it eigen wurk op social media presintearje

Neam in foardiel en in neidiel fan it bestean as dichter foar Tsead Bruinja. Helje dyn antwurd út alinea 7. Bronvermelding Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het…

Neam in foardiel en in neidiel fan it bestean as dichter foar Tsead Bruinja. Helje dyn antwurd út alinea 7. Bronvermelding Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.