bronnen

Eindexamen fries vmbo gl/tl 2022, tijdvak 1

opgave 1Tekst 1 It gefoel fan Astrid Lindgren

11p
Hoe kinst de funksje fan alinea 1 it bêste omskriuwe?
A in anekdoate
B in gearfetting
C in yntroduksje
D in oanlieding
21p
Wat wurdt yn alinea 2 bedoeld mei it wurd ‘revolúsjonêr’ (rigel 14)?
A Astrid Lindgren skreau boeken dy’t allinne basearre wiene op fantasy.
B Astrid Lindgren skreau boeken dy’t de jongerein yn opstân komme litte
woene.
C Astrid Lindgren skreau boeken dy’t folwoeksenen net wurdearren.
D Astrid Lindgren skreau boeken dy’t hiel oars wiene as oare boeken yn
dy tiid.
31p
Yn alinea 2 stiet dat Astrid Lindgren fûn dat jeugdliteratuer net moralistysk
wêze moast.
Hoe besocht sy dat neffens alinea 2 te berikken yn har boeken?
41p
“Lindgren har wurk is dêrom universeel en tiidleas.” (rigels 28-29)
Wat bedoelt de skriuwster mei dy opmerking?
De boeken fan Astrid Lindgren
A befetsje pedagogyske eleminten dy’t ek no breed droegen wurde.
B sketse de belibbingswrâld fan bern sûnder fierder kommentaar.
C stelle tema’s oan ’e oarder dy’t noch hieltyd oansprekke.
51p
Wat falt de skriuwster op yn alinea 3?
A dat de personaazjes fan Astrid Lingren mei-inoar sa’n sterk, gek en
fleurich groepke foarmje
B dat in protte Nederlanners opgroeid binne mei de personaazjes fan
Astrid Lindgren
C dat net alle ynternasjonaal populêre personaazjes fan Astrid Lindgren
yn Nederlân bekend binne
D dat Toanielploech Tryater in foarstelling makket mei personaazjes fan
Astrid Lindgren
61p
Wat is neffens de skriuwster in opmerklik ferskil tusken Nederlân en oare
lannen, wat it wurk fan Astrid Lindgren oanbelanget?
A Yn Nederlân binne alle berneboeken fan Lindgren populêr, yn oare
lannen mar ien.
B Yn Nederlân is it personaazje Karlsson net sa bekend, yn oare lannen
krekt wol.
C Yn Nederlân wurdt Pippi Langkous it meast lêzen, yn oare lannen folle
minder.
71p
“Karlsson wurdt ek wol de manlike Pippi neamd: hy is krekt sa unyk en
eigenwiis as sy.” (rigels 49-51)
Hoe wurket de skriuwster dat yn it ferfolch fan de alinea út?
A Sy beskriuwt it karakter fan it personaazje Karlsson.
B Sy leit út dat sy it net iens is mei hoe’t Karlsson omskreaun wurdt.
C Sy neamt foarbylden út ien fan de ferhalen oer Karlsson.
81p
Yn it wurk fan Lindgren sitte eleminten dy’t tsjinstridich lykje te wêzen.
Hokker foarbyld dêrfan kinst út alinea 5 helje?
91p
“Sûnder ferbylding is it libben kleurleas, liket Lindgren sizze te wollen.”
(rigels 69-71)
Wat bedoelt de skriuwster dêrmei?
Astrid Lindgren fûn dat
A fantasy essinsjeel is yn it libben.
B in driuw yn it libben wichtich is.
C it libben moaier is mei aventoer.
101p
“Sy jout har personaazjes de moed en krêft om harren eigen paad te
kiezen”. (rigels 71-73)
Wat wurdt yn dy útspraak bedoeld mei ‘harren eigen paad te kiezen’?
De personaazjes fan Astrid Lindgren
A doare harren eigen beslissingen te nimmen.
B hawwe in aventoerlike libbensynstelling.
C kinne harrensels yn nije situaasjes maklik rêde.
111p
Yn alinea 6 seit Martje de Jong: “yn de fantasy fan bern kin ommers alles
noch, it binne de grutte minsken dy’t oan dat fermogen in ein meitsje mei
harren hokjes en fakjes”. (rigels 96-99)
Yn hokker eardere alinea wurdt oanjûn hoe’t Astrid Lindgren it yn har
boeken oars docht?
121p
Wat makke it foar Martje de Jong dreech om it boek út it Sweedsk wei oer
te setten nei it Frysk ta?
Helje dyn antwurd út it tekstpart dat bestiet út de alinea’s 6 oant en mei 8.
132p
Neam twa redenen wêrom’t Martje de Jong berneboeken graach oerset yn
de Fryske taal.
Helje dyn antwurd út alinea 8.
141p
Wat is de funksje fan de alinea’s 9 en 10?
De alinea’s binne in koarte beskriuwing fan
A hoe’t Astrid Lindgren skriuwster waard.
B it libben fan Astrid Lindgren.
C karren dy’t Astrid Lindgren makke.
D wurksumheden fan Astrid Lindgren.
151p
Alinea 9 begjint mei it beskriuwen fan Astrid Lindgren as famke.
Hokker barren soarge der neffens de skriuwster foar dat Astrid
Lindgren ynienen folwoeksen waard?
161p
Yn alinea 10 stiet dat Astrid Lindgren mei troch de berte fan har dochter
as skriuwster altyd omtinken hat foar it bernlike ferlet fan feilichheid en
boargerwêzen (rigels 168-172). Yn it eardere tekstpart dat bestiet út
alinea 1 oant en mei 5 wurde dy eleminten ek al neamd.
Hokker oarsaak wurdt dêr yn dat eardere tekstpart by jûn?
A Astrid Lindgren har eigen jeugd
B Astrid Lindgren har fyzje op bern
C Astrid Lindgren har soan Lasse
171p
Hokker konklúzje oer Astrid Lindgren yn har perioade as ferneamd
skriuwster slút it bêste oan by alinea 10?
A Astrid Lindgren bestege de measte tiid oan it redakteurwêzen.
B Astrid Lindgren hie njonken it wurk tiid foar ferskate oare saken.
C Astrid Lindgren wie safolle mooglik dwaande mei it skriuwen fan har
boeken.
D Astrid Lindgren wraksele mei it ferdielen fan har tiid.

opgave 2Tekst 2 De fjirtich jier binne omflein

181p
Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?
A it fertellen fan in anekdoate
B it formulearjen fan in stânpunt
C it yntrodusearjen fan in persoan
D it jaan fan in konklúzje foarôf
191p
“‘De grutte … oare ynstellingen.’” (rigels 7-10)
Wat bedoelt Kuipers mei dy útspraak?
A Kuipers besiket om yn de kolleksjes antwurden te finen op de fragen
fan minsken.
B Kuipers hâldt derfan om minsken te helpen mei ynformaasje út it
ferline.
C Kuipers wol de fragen fan minsken brûke om de kolleksjes út te
wreidzjen.
202p
Yn de alinea’s 2 oant en mei 5 wurdt by ferskillende fazen út it libben fan
Kuipers in namme neamd dy’t op dat stuit wichtich foar him wie.
− André van Dalfsen
− Frou Voerman
− Neeltje van der Weide
− Pieter Wijbenga
− Van Heloma
Folje yn it skema op dyn útwurkblêd de bêste namme yn by elke
perioade.
Tink derom: elke namme mei mar ien kear ynfolle wurde.
perioade namme 1 Havo   2 Middelbere argyfskoalle   3 Staazje by Ryksargyf   4 Ofdieling Ynventarisaasje   5 Tresoar  
211p
Hokker ferbân sit yn de sin “‘Der wiene... de hân.’” (rigels 31-33)
A It is in konkludearjend ferbân.
B It is in opsomjend ferbân.
C It is in tsjinstellend ferbân.
D It is in útlizzend ferbân.
221p
Wêrom diskusjearren Van Dalfsen en Kuipers faak wylst sy it argyf fan de
famylje Van Heloma ynventarisearren?
Helje dyn antwurd út alinea 3.
231p
Hoe kinst de rol dy’t André van Dalfsen yn it libben van Kuipers spile it
bêste beskriuwe?
A André van Dalfsen hat krekt lykas Otto Kuipers belangstelling foar
WOII.
B André van Dalfsen hat krekt lykas Otto Kuipers op It Hearrenfean
wenne.
C André van Dalfsen hat tegearre mei Otto Kuipers nei kollega-
ynstellingen ta reizge.
D André van Dalfsen hat tegearre mei Otto Kuipers studearre en wurke.
241p
“Oant 1985 wurke er op de ôfdieling Ynventarisaasje, dêr’t er tal fan
nijsgjirrige argiven beskriuwe mocht, lykas de samling fan fersetsman
Pieter Wijbenga, fan wa’t de ynventaris yn 1986 publisearre is.”
(rigels 46-52)
Hoe slút de neikommende sin “‘Sa krige ik hieltyd mear belangstelling foar
de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân.’” (rigels 52-54) dêr op oan?
A mei in foarbyld
B mei in gefolch
C mei in reden
D mei in útlis
251p
“‘Dat wie hiel goed om de kolleksjes kennen te learen.’” (rigels 56-57)
Wêr ferwiist ‘dat’ nei?
261p
“‘Minsken sieten yn de finsterbanken, sa drok wie it bytiden.’”
(rigels 61-63)
Hokker ferskil mei hjoed-de-dei spilet dêr in rol yn?
Helje dyn antwurd út alinea 4.
272p
Op hokker twa wizen diene Otto Kuipers en syn team kennis op oer it
ferbetterjen fan de tsjinstferliening fan Tresoar?
Helje dyn antwurd út alinea 5.
282p
“Ien fan de hichtepunten yn dy tiid wie Simmer 2000”. (rigels 89-90)
Neam twa dingen dy’t Kuipers moai fûn by dat evenemint.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 29 en 30.
Yn de ynlieding boppe de tekst fertelt de skriuwster dat ‘minsken en
harren ferhalen’ de reade tried binne yn it wurk fan Kuipers. Yn de tekst
komt noch in twadde reade tried oan ’e oarder: de Twadde Wrâldoarloch
(rigels 110-112).
291p
Yn hokker alinea’s wurdt benammen ferteld oer dy twadde reade tried yn
it wurk fan Kuipers?
A yn de alinea’s 4, 5 en 7
B yn de alinea’s 4, 7 en 10
C yn de alinea’s 5, 7 en 10
301p
Wannear is de ynteresse fan Kuipers foar de Twadde Wrâldoarloch
ûntstien?
311p
Wat soe in passend kopke wêze boppe alinea 7?
A Argiven
B Sân meter
C Spesjalist
D Tresoar
321p
“It trochjaan fan ferhalen fynt Otto belangryk.” (rigels 121-122)
Hoe slút de neikommende sin “‘Dêrmei fergruttest dyn kennis en learst om
dy te ferpleatsen yn de situaasje fan doe.’” (rigels 122-125) op dy
útspraak oan?
A mei in beswier
B mei in foarbyld
C mei in konklúzje
D mei in útlis
331p
Hjirûnder stean trije útspraken.
útspraak 1: Kuipers is fassinearre troch de motorsport om’t er sels ek
fan hurd riden hâldt.
útspraak 2: By de TT moetet Kuipers allegearre kunde.
útspraak 3: Foar Kuipers is de TT benammen nijsgjirrich fanwegen de
skiednis dêrfan.
Hokker útspraak is of hokker útspraken binne wier?
A Utspraak 1 is wier, útspraak 2 en 3 net.
B Utspraak 2 is wier, útspraak 1 en 3 net.
C Utspraak 3 is wier, útspraak 1 en 2 net.
D Utspraak 1, 2 en 3 binne wier.
E Utspraak 1, 2 en 3 binne net wier.
341p
Wat is it ferbân tusken alinea 8 en de earste sin fan alinea 9 “Dy passy
wie de oanlieding foar de webside mei alle B-nûmers dy’t tusken 1906 en
1950 yn Fryslân takend binne oan eigeners fan auto’s en motoaren.”
(rigels 149-153)?
A It is in ferlykjend ferbân.
B It is in oarsaaklik ferbân.
C It is in opsomjend ferbân.
D It is in tsjinstellend ferbân.
351p
Kuipers tinkt dat er ek nei syn pensjoen mei argiven dwaande bliuwe sil.
Wat is dêrfan de reden?
363p
Kuipers hat in soad belangstelling foar de Twadde Wrâldoarloch.
Jou dêrfan fjouwer foarbylden út de tekst.
Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.
De volgende inleiding hoort bij de vragen 37 en 38.
De tekst kin rûchwei ferdield wurden yn 5 parten.
part 1: Ynlieding
part 2: Oplieding
part 3: Wurk
part 4: Hobby
part 5: Pensjoen
371p
By hokker alinea begjint part 3?
A alinea 4
B alinea 5
C alinea 6
381p
By hokker alinea begjint part 4?
A alinea 7
B alinea 8
C alinea 9
391p
Wat binne de doelen fan de tekst?
A ferdivedearje en oertsjûgje
B ynformearje en ferdivedearje
C oertsjûgje en ynformearje
Bronvermelding
Een opsomming van de in dit examen gebruikte bronnen, zoals teksten en afbeeldingen, is te vinden in het bij dit examen
behorende correctievoorschrift, dat na afloop van het examen wordt gepubliceerd.